donderdag 29 oktober, 2020 23:48
Logo rondomvandaag.nl/Stellingwerven
Foto: Johan Vogelzang

Bekende Friese atleet Bart Helmholt ‘wol eltse sport dwaan kinne’

Sporter Bart Helmholt vindt het heerlijk dat hij op zijn 38-ste nog zo fit is dat hij op leuk niveau kan meedoen in verschillende sporten. Na zijn succesvolle fierljepcarriére met zeven Friese én Nederlandse titels en het toenmalig Nederlands record van 21 meter en 64 centimeter in 2016 koos hij voor Sterke Man-wedstrijden. Hij werd daarin Fries kampioen en tweemaal tweede van Nederland. In het eerste weekend van oktober dit jaar debuteerde hij als rugbyer.


Hij trainde de vrijdag ervoor voor het eerst mee bij rugbyclub De Wrotters in Gorredijk en mocht meteen zondag in de competitiewedstrijd meedoen: twee keer veertig minuten. “Ik haw tink ik gjin twa sekonden op itselde plak stean, bin hieltyd yn beweging west”, aldus de Noardburgumer. Hij vindt het nu al een heerlijke sport. “Kinst lekker knalle en de sfear is posityf. Mei syn allen setst in prestaasje del, eltsenien is like belangryk.”

Als oud-voetballer vind hij dat een verademing. In zijn jeugd combineerde hij fierljeppen met voetbal, ook in het voetbal heeft hij wedstrijdervaring. Na zijn fierljepcarriére heeft hij inmiddels ook al een elfstedentocht op de schaats afgelegd, op de Weissensee. IJs- en corona-wederdienende staat die deze winter weer op het programma.

“Boppedat wol ik dizze winter ek foar it earst skiën. Snowboarden haw ik al faker dien, mar skiën noch nea. Ik fyn alle sporten moai, dus ik wol alles in kear dien hawwe. Ik bin ridlik sterk, wendbaar en sa lang as ik it kontroleard doch kin ik in soad dwaan.” Rugby wordt – als het goed is -  zijn eerste sport waar hij niet zijn maximale best voor doet. Hij gaat proberen het puur voor de fysieke lol te doen, als combinatie van fit blijven en gezelligheid met een team.

‘Ik fyn it ek wol wer moai om diel út te meitsjen fan in team’

“Ik haw sa lang individueel sporten, ik fyn it ek wol wer moai om diel út te meitsjen fan in team.” Rugby past hem goed, want hij vind het fijn dat er met respect met elkaar en de scheidsrechter wordt omgegaan. “Der wurdt elk net oer seurd as de skiedsrjochter in ferkeard beslút nimt. Dat wurdt aksepteard en der wurdt wer fierder gean mei de wedstryd.” Een verademing in vergelijking met een sport als voetbal.

Als ‘Sterke man’ was Bart succesvol in zijn gewichtsklasse tot 105 kilogram bij de Sterke Man-wedstrijden. Deze zomer waren er vanwege corona nauwelijks wedstrijden en bovendien is Wout Zijlstra gestopt met het organiseren van wedstrijden in het Noorden. “Dêrtroch binne de wedstriden no fierder fuort en boppedat bin ik it ek net altyd iens mei de organisaasje. Dan kin ik ek koart foar de kop wêze.”

“Foarhinne wie it sa dat ast earste as twadde by it NK wiest, dast dan automatisch pleatst wiest foar it folgjende jier. No moat ik my wer kwalifisere, yn twa kwalifikaasjewedstriden dy bygelyks yn Súd Limburch wêze kinne. Dêr haw ik net folle nocht oan. Boppedat fyn ik dat it belang fan de sporter net altyd foarop stiet by de organisaasje. As ik hear dat wy gjin hars mear brúke meie om swiere stiennen te tille omdat de stiennen skjin bliuwe moatte, wylst it sûnder hars foar in soad jongens blessuregefoelich wurdt foar de biceps, dan fyn ik dat der ferkearde keuzes makke wurde.”

Omdat je moet betalen om aan de wedstrijden mee te doen, heeft Bart er dus even geen zin meer in. Misschien later wel weer eens, hij blijft tenslotte fit en traint regelmatig. Als politieman moet hij zijn kracht en conditie op peil houden en hij vindt het ook gewoon fijn om fysiek bezig te zijn. “As ik twa dagen neat dien haw dan bin ik net altyd de noflikste persoan”, lacht hij.

‘Sûnt wy ús twa bern hawwe is de motor de doar útgean’

Het is een positieve verslaving, dat fysiek bezig zijn. “Ik wol graach eltse sport dwaan kinne wêr ik nocht oan haw.” Het geeft vrijheid, voldoening. “Boppedat bin ik foar mysels ek noait snel genôch, sterk genôch en moat it altyd better. It is wol sa dat ik no hieltyd better loslitte kin en genietsje fan wat ik kin.” Hij wordt al – een klein beetje – rustiger. “Sûnt wy ús twa bern hawwe is bygelyks de motor al de doar út gean. Foarhinne, as ik de helm op sette en de motor starte, dan ferjitte ik alles. Mar dat doch ik net mear, foar myn frou en bern.” Zijn vrouw heeft een Fries paard en pony’s, Bart heeft ook nog enkele honden als hobby.

Voorspellen hoe zijn sportieve toekomst eruit gaat zien is lastig, dat hij nog wel even mee kan in het testen van vele sporten is duidelijk. “Highland Games lykje my ek machtich en sa binne der noch in pear dingen op myn bucket-list. Sporte is foar my gewoan in ‘way of life’.” Via een politie-collega kwam hij in aanraking met het rugby en dat bevalt voorlopig erg goed, vanwege het positieve respectvolle idee naar elkaar én het lekker fysiek bezig zijn.

‘Ik moat hieltyd better nei myn lichem lústerje, dat wol’

“Ik folgje op Instagram ek wol oare sporters dy’t ferskate sporten dogge en dy dat kinne omt sy in atletysk lichem hawwe. Dat komt diels troch it ‘genetisch pakket’ dast fan nature krigen hast en diels kinst it trene fansels.”

“Ik bin bliid dat ik noch gjin swiere blessures hân haw. Ik moat wol hieltyd better nei myn lichem lústerje, dat wol, mar dat haw ik eins altyd al dien omt ik it foar myn wurk ek net meitsje kin om swiere blessures te hawwen.”

Meer berichten