Ynspiraasje mei de PodKast fan Syb van der Ploeg en Steven de Jong.
Ynspiraasje mei de PodKast fan Syb van der Ploeg en Steven de Jong. Foto: Fransisca Vogelzang

Ynspiraasje mei de PodKast fan Syb van der Ploeg en Steven de Jong

Column

KOLUMN - De PodKast fan Syb van der Ploeg en Steven de Jong is tige ynspirearjend. Doch dyn ding en bliuw dat dwaan, sizze sy. Dat is moai om te hearen. Lit dy net troch koroana tsjinhâlde. It spilet in grutte rol yn it libben fan eltsenien spilet op dit stuit, it regear hat ús aardich yn de tang, mar dochs: bliuw dyn ding dwaan, gean dermei troch.

Bliuw dwaan wat by dy passet, nim eigen ferantwurdlikheid. Dat fine filmprodusint Steven de Jong en sjonger Syb van der Ploeg yn harren twadde PodKast. In Fryske Podcast, fansels! It duorret yn totaal in oere, mar nei tweintich minuten sit ik al fol mei ynspiraasje.

Gean dyn gong: it kin en it moat

Sy sizze tsjin elkoar: nim dyn eigen ferantwurdlikheid foar dyn libben, lit it net ôfhingje fan de oerheid. Al is dat ek tige lestich, want de oerheid prebearret alles te bepalen yn ús lân. Gean dêr dan marris tsjinyn as omhinne. Mar dochs, it kin en it moat. 

Syb is bygelyks wer drok oan it komponearje fan moaie lieten, hat yn syn nije hûs in lyts teater boud, organisearret fytstochten mei âlvestêdewinner Henk Angenent, Syb syn frou hat noch in baan, hy rêdt him wol yn dizze finansjeel lestige tiid foar poadiumartiesten.

Steven rêdt him ek wol. Sa’n authentyk persoan as hy is, dy fynt syn wei wol. Hat hy altyd al dien, want wa leaude deryn dat Frysktalige films makke wurde koene en jild opsmite koene? Júst, dat wie Steven, mear as tweintich jier lyn by de start fan syn karriëre.

Fan films meitsje oant plan foar Zalen Schaaf: wês kreatyf

Al makket hy ek Nederlânstalige films en searjes oer de Kameleon en Snuf de Hond, allinich mar fan it Frysk libje kin noch krekt net. It fertelle fan in moai ferhaal yn in moaie film, is syn ding. No wit ik tafallich fanút myn wurk as sjoernalist foar ûnder oaren Rondom Leeuwarden dat hy ien fan de trije gadingmakkers is foar in nije takomst foar Zalen Schaaf yn Ljouwert. 

Hy wol der mei in kompanjon wer wat moais fan meitsje. Steven is ûndernimmer en in echte ûndernimmer tinkt en sjocht yn kânsen. Yn Zalen Schaaf kinne films draaid wurde, mar ek oare gesellige en ynteressante aktiviteiten hâlden wurde en as it moat op oardel (koroana) meter ôfstân fansels. 

Dêrom set ik ditkear yn myn kolumn net myn eigen miening foarop, mar wol ik dy as lêzer ynspirearje mei Steven de Jong en Syb van der Ploeg. Doch as hun, doch as dizze Friezen. Bliuw sykjen nei kânsen, gean derfoar, doch dyn ding, oerlibje, fertrou net tefolle op de oerheid as rêder yn need mar fertrou op dysels en meitsje sels dyn dreamen wier. Meitsje der wat moais fan!

Check hjir de PodKast:

https://www.stevendejongfilms.nl/blog/podkast-minderwaardigheidscomplex/?fbclid=IwAR2uW7EKPT9VEmR6ZknYLbcVLt_X3_IncVl6VG5c89lsDgUBMTcBBDNrIQc

Groetnis,
Noflike dei,

Johan Vogelzang

Hier de onderscheiding van 'Lid in de Orde van Oranje Nssau'
Uitreiking Koninklijke onderscheidingen Algemeen 1 uur geleden
Afbeelding
Start 'Buurtgezinnen': opvoeden doe je samen Zorg & Welzijn 4 uur geleden
Afbeelding
4 mei 20.45 uur: Annelies van James Whitbourn door het Toonkunstkoor Cultuur 6 uur geleden
Het Lancaster-monument in Oudehorne.
Oorlog in Heerenveen: Het Lancaster-monument in Oudehorne Historie 8 uur geleden
Directrice Tineke de Jong opent de deuren van de openbare basisschool in Aldeboarn.
OBS de Boarne in Aldeboarn sluit na bijna 40 jaar haar deuren en gaat verder als samenlevingsschool Educatie 22 uur geleden
Afbeelding
Start vernieuwbouw Kindcentrum Ekke de Haan en Kindcentrum het Kompas Educatie gisteren
Afbeelding
Nynke Duijff winnaar Grut Frysk Diktee Verhalen uit de buurt 25 apr, 10:00
Afbeelding
Sloepvaren bij de Alde Feanen Recreatie & Ontspanning 25 apr, 08:00