Afbeelding

De krêft fan Frysk en fan dysels wêze (Fryske Kollumn)

Algemeen

Alle ferhalen út de wrâld komme eltse dei oan ús eagen en earen foarby troch de (sosjale) media, sadat wy betiden hast tinke it krekt sa te dwaan te moatten sa as oaren op de wrâld ek dogge. Dat wy ek itselde tinke moatte en deselde ideeën hawwe moatte oer wat der barre moat. Mar sa is it net fansels.

Ast sjochst dat der in soad mis is yn de wrâld, wol dat perfoarst net sizze dat der in soad mis is yn Fryslân. Fansels, ek wy Friezen moatte ús oanpasje oan de kâns op it krijen fan it koroanafirus. Dat is logysk. Ek yn ús provinsje sitte bedriuwen dy’t it dreech hawwe. En minsken dy’t it dreech hawwe ek. En dochs bin ik fan betinking dat wy it hjir best goed hawwe.

Genietsje op ús eigen wetter
No’t wy hast net mear op fakânsje nei it bûtenlân geane, komme wy derefter hokfoar moaie fakânsjemooglikheden ús eigen provinsje hat. En dy binne der in soad. It is net foar neat dat de sloepen hast net mear te krijen wiene dizze simmer: alle lúkse motorboatsjes ferkocht oan ússels, de Friezen dy’t genietsje op har eigen wetter, fan har eigen sinne, fan har eigen gesin, har eigen gelok, har eigen provinsje.

En ast dan dernei in hapke en drankje nimst op in terraske oant it Sleattemermar, it Pikmar yn Grou, Snitsermar, Hegemermar, Galamadammen as Wide Ie as Earnewâld, dat makket net út. Wat te tinken fan it smûke Wommels, Warkum, De Gastmer, Aldegea De Fryske Marren, Aldegea Súdwest Fryslân, Aldegea Smellingerlân, Frjentsjer, Ljouwert, Drachten, Dokkum, Bartlehiem en fansels de Turfroute yn súdlik Fryslân dy’t by Omrop Max lanlik op tillefyzje wie?

Wy prikke troch loftkastielen hinne
Fryslân hat safolle moais en safolle terraskes en hotels en campings, dat is echt tige noflik en hearlik. Meist dêrom rêstich grutsk wêze op Fryslân en de Friezen, it is net oerdreaun, it is echt de wierheid. Want Friezen hâlde fan de wierheid, moast net tefolle swetse en loftkastielen ferkeapje want dêr prikke wy sa trochhinne, dêr traapje wy net yn as Friezen.

Wy Friezen dogge it best goed en meie der best grutsk op wêze en de measten binne dat gelokkich ek. Gewoan omdat wy ús rêde op ús eigen stikje grûn, it lân dêr’t foaral gers op groeit mar wêr wy fan libje kinne omt de kij dy’t derop rinne foar ús deistich stikje bôle – en tsiis – soargje.

Bioferskaad en libben op it lân
Fansels bin ik ek tige nijsgjirrich hoe’t wy it dogge as alle greide ynsiede wurdt mei krûdenrike sieden, dy’t soargje foar bioferskaad en foar oar libben op it lân dêr’t wy as Friezen ek fan libje kinne. Neam it fegetarysk, feganistysk, fleksitarysk, mar ik tink dat wy as Friezen ek foarop rinne kinne mei libje fan bioferskaat want wy hawwe hjir in moai stik lân fan d’ierde ta beskikking om mei te eksperimentearjen.

Ek dat moatte wy op ús eigen Fryske wize dwaan. Earst de kat út de beam sjen, it ‘kaf van het koren’ oftewol tsjêf fan it nôt skiede, foarsichtich teste en as blykt dat it suksesfol is: omearmje as ús Frysk sukses. En ek as dat net slagget: gewoan ússels bliuwe. Beide fuotten op de grûn, de Fryske grûn. Dat jout in goede basis en in goed libbensfûnemint dy’t ús troch oaren fan dizze wrâld net ôfpakt wurde kin. No sa!

Beheer oevers langs Friese vaarwegen
Subsidieregelingen oeverbeheer geopend Financieel 2 mei, 15:00
Afbeelding
Bevrijdingsvuur naar Kazemattenmuseum Algemeen 2 mei, 08:00
Afbeelding
Onderzoek: houtworm en boktor zorgen voor meeste overlast in Friesland Natuur 1 mei, 18:00
Afbeelding
DODENHERDENKING KORNWERDERZAND KAZEMATTENMUSEUM Algemeen 1 mei, 08:00
Rijden onder invloed van cannabis gebeurt het vaakst bij mensen die al stevig blowen.
Veel cannabisgebruikers rijden onder invloed Gezondheid 30 apr, 18:00
Afbeelding
Uniek historisch dambord werpt nieuw licht op herkomst Fries damspel Cultuur 30 apr, 12:00
Afbeelding
Friese kunstenaars Wopke van der Heide en Marijke Buurlage exposeren in de Nieuwe Smederij Cultuur 30 apr, 10:00
Afbeelding
Friesland Pop presenteert: Mini Hiphop Conferentie met het thema "Ladies First" Cultuur 30 apr, 08:00