RondOm’s Boekenplank: In nije stjer van Marjaleena Lembcke
RondOm's BoekenplankMarjaleena Lembcke skreau in prachtich poëtysk Krystferhaal dat bysûnder gaadlik is om mei de bern te lêzen. De kleurrike yllustraasjes binne fan Susanna Strasser en de Fryske oersetting is fan Nynke Duijff-Veenstra.
De mûs hat in nije stjer oan de himel ûntdutsen. Dat betsjut dat der in wûnder barre sil! Miskien giet it wol om it berntsje út Bethlehem dêr’t de wizen út it easten nei sykje! As de bisten dat hearre, wolle se allegear mei op reis. Ek bisten dy’t inoar gewoanwei net goed ferdrage kinne, lykas de ûle, de wolf en de slang!
Nu verkrijgbaar van € 12,95 voor € 5,00 in onze webshop RondOm Vandaag