Afbeelding
Foto: ONT Opeinde

Zaterdag kunstijsbaan bij ONT Opeinde

Evenement

OPEINDE - v.v. ONT wint Omrop Fryslân kunstiisbaan sneon. De meteorologyske winter is foarby, mar echte froast ha wy net hân… de iisbaan kommisje oan de Hegewei stie der klear foar, mar spitich genôch sette de froast net troch. 

Fryslân hie de redens sa graach ûnderbine wollen, mar spitigernôch siet it der net yn. Teloarstelling yn de provinsje wer reedriden sa nea oan it hert fan de Friezen leit. Reden foar Omrop Fryslân om kâns te meitsjen op in keunstiisbaan foar 1 dei. Janna Kars hat v.v. ONT opjûn, om’t se sa’n geweldige bydrage leverje oan beweging, sûn ite en in gesellige mienskip! Dêrom wurdt der sneon yn De Pein in keunstiisbaan opboud! Komst ek? De jeugd fan it doarp kin dochs noch efkes de redens ûnderbine en in rûntsje ride! De reedryd ferjochtingen binne live te folgjen op radio en TV by Omrop Fryslân fan 13.00 oant 17.00 oere. 

Ynformaasje

Lokaasje: v.v. ONT, Sportpark Douwekamp, Healwei Opeinde

Natueriisbaan iepen: 13.00 – 17.00 oereFeestelyk ôftraapje mei in optreden fan it nije duo Jacob & Sander Live (Sander Metz en Jacob Dijkstra).Redens binne oanwêzich. Reedriidscoach en keunstreedrydster Esther Beuker begeliedt minsken op it iis.Tagong fergees

Meidwaan op eigen risiko. Net ride?, kom dan dochs gesellich lâns foar in waarme poeiermolke en swaai nei kunde en familie op TV.

De moestuin van Dorpsgaard Genhout, de winnaar van de Gouden Pit 2025.
Bewonersinitiatieven kunnen nu inschrijven voor Kern met Pit Recreatie & Ontspanning 7 uur geleden
Afbeelding
CONTACT - Hoe maak je contact in een wereld waarin iedereen steeds harder praat? Cultuur 9 uur geleden
Bo van der Ploeg
‘ADHD hoort bij mij, maar het is slechts een klein gedeelte van wie ik ben’ Gezondheid 12 uur geleden
Afbeelding
Newwave, latin en punk bij Poppodium Iduna Cultuur 14 uur geleden
Afbeelding
Karin Bloemen en Cor Bakker naar Drachten voor benefietconcert Rotary Club Evenement 16 uur geleden
Afbeelding
Onveilig spullen vervoeren: Smallingerland telt meeste boetes van Friesland Verhalen uit de buurt 13 okt, 17:00
Kijken door de ogen van je kind
Ouderbijeenkomst ‘Kijken door de ogen van je kind’ bij Carins op 28 oktober Gezondheid 13 okt, 15:00
Afbeelding
Honderden vrijwilligers in actie voor schoon water tijdens Skjin Wetter Natuur 13 okt, 12:00