Marije de Lange, Henk van der Veer, Gabrielle Terpstra, Martsje de Jong, Gerard de Jong en Johan Veenstra.
Marije de Lange, Henk van der Veer, Gabrielle Terpstra, Martsje de Jong, Gerard de Jong en Johan Veenstra. Foto: © Hoge Noorden / Jacob van Essen

Feestlike oanbieding en optredens Kadoboek ‘Seis Ses Zesse Ses’ Fryske Boekewike

Cultuur

LJOUWERD - Op freedtejûn 30 oktober wurdt yn Tresoar de Fryske Boekewike ôftrape mei it Fryske Boekefeest en de oanbieding fan it Kadoboek ‘Seis Ses Zesse Ses’ fan Gabrielle Terpstra, Marije de Lange, Martsje de Jong, Gerard de Jong, Henk van der Veer en Johan Veenstra. It Fryske Boekefeest wurdt dit jier organisearre yn gearwurking mei Tresoar.

‘Seis Ses Zesse Ses’ ferrassende ferhalen fan skriuwers dy’t de lêzer meinimme yn harren eigen taal: it Frysk, Stellingwarfs, Snekers en it Bildts. Fjouwer talen, seis stimmen en wrâlden dy’t fertroud lykje, mar hieltyd in ferrassende draai nimme. Humor, tragyk en beskôging wikselje inoar ôf.

Fryske Boekewike fan 31 oktober o/m 8 novimber 2026

It Kadoboek 2026 is de hiele Boekewike fergees te krijen by oankeap fan teminsten € 15,- oan Fryske boeken. Ferline jier bruts de ferkeap fan Fryske boeken yn de Boekewike in rekôr; noch net earder wie der sa’n grutte fraach nei it Kadoboek. It Kadoboek fan dit jier wurdt útjûn yn gearwurking mei Utjouwerij Louise út Grou.

Yn de Fryske Boekewike trede de skriuwers fan it Kadoboek rûnom op yn de provinsje. Sjoch foar alle optredens, datums en lokaasjes op www.fryskeboekewike.frl.

It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar lês- en ferkeapbefoardering en de promoasje fan it Fryske boek. Under oaren troch it organisearjen fan de Fryske Boekewike en de Sutelaksje. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en oare projekten fan Boeken fan Fryslân op www.boekenfanfryslan.frl.

Afbeelding
Tryater draait warm voor Friese autowerkplaatsen Cultuur 2 uur geleden
Afbeelding
Bakfietsparade Kunstkade brengt cultuur letterlijk de straat op in Leeuwarden Cultuur 3 uur geleden
Afbeelding
Leeuwarden organiseert verspillingsvrij diner Duurzaamheid 6 uur geleden
Afbeelding
Overheid wijst werknemers in Friesland op pensioen bij baanwissel of minder werken Financieel 20 uur geleden
Afbeelding
DHL maakt einde aan printen van adreslabels Verhalen uit de buurt 23 uur geleden
Afbeelding
Ook in Friesland wordt er gevliegerd voor de kinderen in Gaza Verhalen uit de buurt 3 sep, 12:00
Afbeelding
Ontdek de magie van het circus bij Jeugdcircus Saranti! Evenement 3 sep, 10:00
Afbeelding
Heleen Roosdorp scoort hardstylehit en droomt van meer Cultuur 3 sep, 08:00