Afbeelding
Foto: Bob de Boer Photography

Deade dichters deklamatoarium yn Weidum

Cultuur

WEIDUM - Op sneintemiddei 14 septimber organisearret it DDD-kollektyf yn gearwurking mei húskeamerteater De Wier (Koarnjum) in literêre middei oer Fryske dichters dy’t net mear ûnder ús binne. De middei fynt plak yn de koartlyn restaurearre tsjerke fan Weidum. Njoggen libbene dichters drage poëzy foar fan tolve Fryske dichters dy’t yn de ôfrûne jierren ferstoarn binne. Sy dogge dat ûnder muzikale begelieding fan Axl Hofstede en Wilco Hoekstra. By de foardrachten wurde bylden fan de dichters projektearre.

Fan de folgjende dichters sille gedichten foardroegen wurde: Willem Abma, Jelle Kaspersma, Tsjisse Hettema, Jan Dotinga, Josse de Haan, Hindirk Hannema, Bartle Laverman, Aggie van der Meer, Abel Oostra, Jacobus Q. Smink, Gryt Witbraad, Piter Yedema.

De kommende jierren wolle wy it DDD útwreidzje en besykje om der in jierlikse literêre tradysje fan te meitsjen. Wy fine it wichtich dat de poëzy fan ferstoarne Fryske dichters net ferjitten wurdt. Poëzy moat klinke, ek poëzy dy’t gjin eigen stimme mear hat. De Fryske poëzy is in ryk literêr erfgoed dat in oanhâldend poadium fertsjinnet.

It idee fan in Dichters Deklamatoarium is al âld. It waard bygelyks yn 1961 by it sechsde lustrum fan de Fryske studinteferiening Aldgillis út Delft organisearre yn de St. Pitertsjerke yn Grou. De jonge, ûnbekende dichter Abel Oostra organisearre dat doe mei dichter Tjitte Piebenga. In deklamatoarium is poëzyfoardracht begelaat troch en ôfwiksele mei muzyk. Wy fûnen it in moaie foarm om de poëzy fan guon dichters dy’t ús de lêste jierren ûntfallen binne, wer foar it fuotljocht te bringen.

Plak: Weidum, Johannes Tsjerke
Datum: 14 septimber 2025
Tiid: 15.00 – 17.00 (ynrin 14.30)
Tagong: €10 – reservearje fia: deklamatorium@hotmail.com

Afbeelding
Naomi Veenema verrast zichzelf met podium in T4 Senioren semi-pro klassement NXT GP! Sport 1 uur geleden
Afbeelding
Friese auteur werkt aan De Weg naar Zelfliefde: een boek over vallen, opstaan en jezelf terugvinden Persoonlijke verhalen 3 uur geleden
Vrijwilliger Mory (links) en vrijwilligerscoördinator Arsh in het kantoor van Media Art Friesland.
Samen zorgen voor festival vibes Cultuur 5 uur geleden
Afbeelding
Nieuwe focusflitser in Leeuwarden Auto & Stijl 19 uur geleden
Afbeelding
Vergeet het bekende Portugal; ontdek het échte Portugal Recreatie & Ontspanning 22 uur geleden
Afbeelding
Tv-programma Fryslân Fit brengt valpreventie en bewegen naar de Friese huiskamers Sport 20 okt, 10:00
Afbeelding
Griezelen in Friesland tijdens Halloween Evenement 20 okt, 08:00
Het Klaagkoor (eigen foto)
Concert door ‘Het Klaagkoor’ in de serie ‘Vrij dagmiddag-concerten’ van Cultuurpodium Dorpskerk Huizum Evenement 19 okt, 12:00