Afbeelding

Frysk Boekefeest, ôftraap Fryske Boekewike 2025

Evenement

FRYSLÂN - Freed 7 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2025. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Oan ’e ein fan De Oere’ fan Anne-Goaitske Breteler presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 8 o/m 16 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15 oan Fryske boeken by jo boekhannel. De presintaasje fan de feestlike jûn is yn hannen fan teätermakker en performer Douwe Dijkstra en der is muzyk fan de band Fegebart. It programma begjint om 20.30 oere, ynrin 20.00 oere. Elk is fan herten wolkom, de tagong is fergees. Graach foar tongersdei 23 oktober oanmelde fia: info@boekenfanfryslan.nl, der is beheind plak.

Anne-Goaitske Breteler (Dokkum, 1996) groeide op oan ’e foet fan ’e seedyk yn Fryslân. Nei de stúdzjes kulturele antropology en publyksskiednis yn Amsterdam ferhuze se werom nei har bertegrûn. Yn 2018 ferskynde har non-fiksjedebút ‘De traanjagers’, yn 2020 har Fryske berneboek ‘In nuvere nacht’, en yn 2024 har non-fiksjewurk ‘De laatste dagen van de dorpsgek’. Se skriuwt columns en redaksjonele bydragen, jout lêzingen en makket tentoanstellingen en podcasts.

Kadoboek ‘Oan ’e ein fan De Oere’

‘Oan ’e ein fan De Oere’ fertelt it oangripende ferhaal fan de fjouwer bern fan de famylje Zwart. It grutste part fan harren libben wennen de net-troude broers Pieter, Jan, Dirk en harren suster Wytske mei-inoar op it âlderlik stee: in pleats yn Moddergat. It troch Breteler optekene famyljeferhaal bringt de lêzer ticht by in bysûnder gesin dat nettsjinsteande grutte feroaringen trou bleau oan it leauwen, oan elkoar en oan it âlde hiem. ‘Oan ’e ein fan De Oere’ jout in unyk ynsjoch yn in wrâld dy’t net wer weromkomt. It is in portret fan ferlies en fassinaasje – mar ek fan de fraach: wat betsjut it as in famylje, en harren erfgoed, ynhelle wurdt troch de tiid en driget wei te wurden?

It Kadoboek fan 2025 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Afûk. De skriuwer docht yn de Fryske Boekewike ferskate bibleteken en poadia oan mei in optreden oangeande it Kadoboek. Sjoch op www.fryskeboekewike.frl foar datums en lokaasjes.

De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek en docht dat troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân. Mear ynformaasje oer Boeken fan Fryslân op www.boekenfanfryslan.frl.

Afbeelding
Van Akkrum naar Overveen: Femke Marije bouwde haar eigen boutique helemaal zelf op Persoonlijke verhalen 19 uur geleden
Afbeelding
Workshop Vlinders en libellen: leren kijken, herkennen en tellen Natuur 20 jun, 18:00
Afbeelding
‘Een vereniging is meer dan sport’ Verenigingen 20 jun, 10:00
Afbeelding
Nog altijd 35,5% vooroorlogse woningen in Friesland slecht geïsoleerd Duurzaamheid 20 jun, 08:00
Afbeelding
Een festival dat draait om verbondenheid Evenement 19 jun, 12:00
Jelte kijkt geeft advies aan een woningeigenaar over isolatie en verduurzamen.
‘De verduurzamingssubsidies zijn er ook voor jou!’ Duurzaamheid 19 jun, 10:00
Afbeelding
Mazzelshop Camping Totaal: dé kampeerspecialist onder één dak met Ultiem Buitenleven Recreatie & Ontspanning 19 jun, 08:00
Afbeelding
Column Melissa: Ik herhaal het nog eens, niet alle sporttransformaties zijn zichtbaar! Column 18 jun, 18:00