Tweede Kamerlid Habtamu de Hoop | Foto: Julian Kock
Tweede Kamerlid Habtamu de Hoop | Foto: Julian Kock

Rekôrtal dielnimmers oan kwalifikaasje It Grut Frysk Diktee

Educatie

Der hawwe dit jier 257 minsken meidien oan de kwalifikaasje foar It Grut Frysk Diktee. De 15 bêsten dêrfan meie meidwaan oan de grutte finale op 17 maaie yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Op woansdei 18 maaie om 20.30 oere stjoert Omrop Fryslân it diktee út. 

It nivo fan de ynstjoerders lei dit jier goed heech, in hiel soad dielnimmers hiene it kwalifikaasjediktee rom foldwaande makke, seit sjueryfoarsitter Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy: ‘’De 15 dielnimmers dy’t meidogge oan de finale sitte kwa skoare hiel ticht byinoar en binne dus allegearre potinsjele winners fan It Grut Frysk Diktee, it kin noch hiel spannend wurde!’’.

De dikteetekst is dit jier skreaun troch Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop en hat as tema ‘sport’.

Teams

Neist de offisjele kwalifikaasje, is der dit jier in nij elemint oan it diktee taheakke. Der dogge nammentlik ek seis teams mei dy’t ûnderinoar de striid mei inoar oangeane. Der is in team mei direkteuren, dêr’t ûnder oaren Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân, Anne Hettinga fan Arriva en Marijke Akkerman fan it Koninklijk Friesch Paarden Stamboek yn sitte. Yn it team mei bekende Friezen sitte ûnder oaren presintator Sipke Jan Bousema, sjonger Joop Obama en shorttrackster Rianne de Vries. De oare fjouwer teams binne de studinten, de Friezen om utens, politisy en de Freonen fan Omrop Fryslân.

De winner fan It Grut Frysk Diktee giet nei hûs mei ‘it gouden dakje’. Foar it winnende team is der in aparte priis.

Pak pinne en papier derby!

Minsken dy’t nei it programma sjogge, kinne thús sels ek meiskriuwe. De dikteetekst wurdt yn de útstjoering trochrûn en besprutsen, mar is nei ôfrin ek te finen op www.fryskdiktee.nl.

It Grut Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, it Sintrum Meartaligens fan Cedin, de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer It Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.

It Grut Frysk Diktee is op woansdei 18 maaie om 20.30 oere te sjen by Omrop Fryslân. De presintaasje is yn hannen fan Miranda Werkman.

//////

Recordaantal deelnemers aan kwalificatie It Grut Frysk Diktee

Er hebben dit jaar 257 mensen meegedaan aan de kwalificatie voor It Grut Frysk Diktee. De 15 besten hiervan mogen meedoen aan de grote finale op 17 mei in de Statenzaal van het provinciehuis. Op woensdag 18 mei om 20.30 uur zendt Omrop Fryslân het dictee uit. 

Het niveau van de deelnemers lag dit jaar erg hoog, veel deelnemers hebben het kwalificatiedictee ruim voldoende gemaakt, zegt juryvoorzitter Hindrik Sijens van de Fryske Akademy: ‘’De 15 dielnimmers dy’t meidogge oan de finale sitte kwa skoare hiel ticht byinoar en binne dus allegearre potinsjele winners fan It Grut Frysk Diktee, it kin noch hiel spannend wurde!’’.

De dicteetekst is dit jaar geschreven door Tweede Kamerlid Habtamu de Hoop en heeft als thema ‘sport’.

Teams

Naast de officiële kwalificatie, is er dit jaar een nieuw element aan het dictee toegevoegd. Er doen namelijk ook zes teams mee die onderling de strijd met elkaar aangaan. Er is een team met directeuren, waar onder anderen Wim Kleinhuis van Veiligheidsregio Fryslân, Anne Hettinga van Arriva en Marijke Akkerman van het Koninklijk Friesch Paarden Stamboek in zitten. In het team met bekende Friezen zitten onder anderen presentator Sipke Jan Bousema, zanger Joop Obama en shorttrackster Rianne de Vries. De andere vier teams zijn de studenten, de Friezen om utens, politici en de Freonen van Omrop Fryslân.

De winnaar van It Grut Frysk Diktee gaat naar huis met ‘het gouden dakje’. Voor het winnende team is er een aparte prijs.

Pak pen en papier erbij!

Mensen die naar het programma kijken, kunnen thuis ook zelf meeschrijven. De dicteetekst wordt in de uitzending doorlopen en besproken, maar is na afloop ook te vinden op www.fryskdiktee.nl.

It Grut Frysk Diktee wordt georganiseerd door de Afûk, het Centrum Meertaligheid van Cedin, de Fryske Akademy, Provincie Fryslân en Omrop Fryslân. Meer informatie over It Grut Frysk Diktee is te vinden op www.fryskdiktee.nl.

It Grut Frysk Diktee is op woensdag 18 mei om 20.30uur te zien bij Omrop Fryslân. De presentatie is in handen van Miranda Werkman.

Afbeelding
Sonja Arzumanyan exposeert met fantasierijke serie in Bibliotheek Heerenveen Cultuur 8 uur geleden
Afbeelding
Bevrijdingsvuur naar Kazemattenmuseum Historie gisteren
De familie Verloop, eigenaar van De Bakkers van Verloop
De Bakkers van Verloop viert 100 jaar: een eeuw vakmanschap en aandacht Verhalen uit de buurt 30 apr, 15:00
Afbeelding
‘Groener beloont’ subsidies verlengd tot en met 2029 Politiek 30 apr, 12:00
Afbeelding
Natuurbrand tijdig geblust in Oranjewoud 112-Nieuws 29 apr, 15:00
Afbeelding
Eric Corton opnieuw met monoloog over dementie in het theater Cultuur 28 apr, 17:00
Afbeelding
Ontdek AI in de praktijk tijdens interactieve workshop in de Bibliotheek Evenement 28 apr, 15:00
Afbeelding
Stroffelstienen gepoetst door Scouting Polaris Heerenveen Historie 28 apr, 12:00