Afbeelding
pdfgrafie

FNP: Grutsk op in sterk en leefberHearrenfean

Verkiezingen Gemeenteraadsverkiezingen 2026

HEERENVEEN - De FNP set him yn foar in sterk, feilich en leefber Heerenveen. In gemeente dêr’t it goed wenjen, wurkjen en opgroeien is – yn alle doarpen en wiken. Us útgongspunt is dúdlik: ferantwurdlik omgean mei jild, goede foarsjenningen tichtby en respekt foar ús lânskip en mienskip.

Ferantwurde finansjeel belied

De lokale lêsten meie net heger wêze as yn fergelykbere Fryske gemeenten. Ynwenners moatte net mear betelje as needsaaklik. Dêrom sjogge wy kritysk nei grutte ynvestearrings, lykas it kultuerplein en it gemeentehûs. Earst needsaak en nuchterens, dan pas útwreiding.

Soarch en feilichheid tichtby

Goede soarch moat binnen ridlike ôfstân beskikber bliuwe, mei minder burokrasy en mear fertrouwen yn professionals. De FNP set him yn foar it behâld fan sikehûsfoarsjenningen yn Hearrenfean en foar soarch sa ticht mooglik by hûs.

Feilichheid hat hege prioriteit. Wy wolle mear hanthavening yn 30-kilometergebieten en yn alle wiken en doarpen in sichtbere, leechdrompelich te benaderjen wykagint. Oerlêst troch ‘hangjongeren’ moat dúdlik oanpakt wurde, mei romte foar previnsje én hanthavening. Ek pleitsje wy foar in plan fan oanpak tsjin drugs- en alkoholgebrûk ûnder jongerein.

Leefbere wiken en doarpen

In leefbere gemeente sit yn deistige saken. Wy wolle ekstra ynvestearje yn in skjinne leefomjouwing en yn feilige, goed ferljochte fytsrûtes – foaral nei skoallen en sportakkommodaasjes. Ek binne bettere fytsparkefoarsjenningen by it stasjon nedich en moat it parkearjen by Sportstad betelber bliuwe.

Foar Skoatterwâld sjogge wy graach in eigen supermerk en better iepenbier ferfier. Dat fergruttet de leefberens en makket de wyk selsstanniger.

Romte foar wenjen en ûndernimmen

Wy wolle it mooglik meitsje dat op in wenperseel twa húsnûmers komme kinne. Dat jout romte foar generaasjewenjen, mantelsoarch of starters. Ek moatte boeren romte krije om, passend by de omjouwing, yn te spyljen op nije ûntwikkelingen.

Duorsum mei ferstân

Wy stypje lokale enerzjy-inisjativen, mar wolle gjin wynmûnen heger as 50 meter en gjin gaswinning yn of ûnder de grûn fan ús gemeente. Us lânskip fertsjinnet beskerming.

Kultuer en identiteit 

Wy steane achter in folsleine kultuerlokaasje yn Us Kompenije yn Jobbegea en wolle dat lytse eveneminten makliker in fergunning krije. Nije ynwenners moatte fia Afûk-kursussen de Fryske taal leare kinne.

De FNP kiest foar in realistysk en sosjaal Hearrenfean, dêr’t besluten ticht by de minsken nommen wurde. Foar alle doarpen en wiken. Foar no en letter.

Afbeelding
Friese auteur werkt aan De Weg naar Zelfliefde: een boek over vallen, opstaan en jezelf terugvinden Persoonlijke verhalen 2 uur geleden
Afbeelding
Kringloopwinkel voor Dorcas in Heerenveen zoekt nieuwe vrijwilligers Verhalen uit de buurt 4 uur geleden
V.l.n.r.: Selma Talsma (coördinator Present Leeuwarden), Klarie van der Vegt-Meijer (bestuurslid Present Heerenveen), Christa van Koeveringe (coördinator Present Súdwest-Fryslân) en Marja Verbeek (teamleider gebiedsteam Elkien).
Present en Elkien ondertekenen nieuw samenwerkingscontract Verhalen uit de buurt 18 uur geleden
Afbeelding
Vrijwilligers Boekhuis De Brug in Heerenveen kijken terug én vooruit Recreatie & Ontspanning 21 uur geleden
Afbeelding
Shantykoor De Swallows treedt op in Senior Café Heerenveen Evenement gisteren
Afbeelding
Tv-programma Fryslân Fit brengt valpreventie en bewegen naar de Friese huiskamers Sport 20 okt, 10:00
Afbeelding
Griezelen in Friesland tijdens Halloween Evenement 20 okt, 08:00
Afbeelding
Stichting Present Heerenveen houdt decemberpakkettenactie voor mensen die een steuntje in de rug kunnen gebruiken Verhalen uit de buurt 19 okt, 17:00