Afbeelding

Column Sietske Poepjes: “De hannen ynelkoar”

Column

Wolle jo ek sa graach wer nei it teäter, in konsert, in toanielstik? Wy langje allegearre, ik ek, nei in bytsje ûntspanning. Efkes wer genietsje fan muzyk, laitsje om in kabaretier of hielendal opgean yn in toanielstik. Mei in soad ynteresse haw ik dêrom sjoen nei de Field Lab eksperiminten earne oars yn it lân, dêr’t foar it earst wer publyk op muzyk losgean koe of by in wedstriid jubelje. De resultaten fan dy eksperiminten binne bemoedigjend.

It ôfrûne jier wie in jier fol útdaging. Foar elkenien yndividueel, mar benammen ek foar ûndernimmers en foar de kulturele sektor. Lokkich docht bliken dat wy altyd wer hiel ynventyf binne as de need oan de man is. Teäters, kreativelingen, ûndernimmers, se sykje elkoar op en betinke moaie oplossingen foar problemen. Dat is moai om te sjen.

Ik winske ús allegearre in moaie simmer ta wêryn’t wy wer genietsje kinne. Fan ús moaie Fryslân, fan elkoar en fan in protte moaie kulturele eveneminten.  

No skynt der ljocht oan de ein fan de tunnel. Mei de ûnderfinings fan de eksperiminten, mei de koroanafaksins en mei de kreative manieren om op ferantwurde wize eveneminten organisearjen te kinnen, meie wy nei in simmer útsjen wêryn’t wy einlings wer wat kinne. Al binne it faaks inkeld lytsskalige optredens, yn teäters of yn de iepen loft, de wei nei in moaie simmer leit iepen. Lokkich mar, want sokke eveneminten en aktiviteiten binne ûnmisber foar ús provinsje. Se drage by oan de leefberens yn doarp en stêd. Se binne de reden wêrom’t wy sa graach yn Fryslân wenje. Se soargje der ek foar dat toeristen graach nei Fryslân komme. Dat moatte wy net ferlern gean litte.

Ik winske ús allegearre in moaie simmer ta wêryn’t wy wer genietsje kinne. Fan ús moaie Fryslân, fan elkoar en fan in protte moaie kulturele eveneminten. Ik sjoch it fol fertrouwen temjitte. Wy binne der noch net, wy moatte noch efkes folhâlde, mar it komt deroan!

Sietske Poepjes

Afbeelding
Verwachting mei: buien en mogelijk vrij warm Algemeen 4 uur geleden
Afbeelding
File op A7 door ongeval bij Heerenveen 112-Nieuws 20 uur geleden
Afbeelding
Tryater speelt Swimbad in openluchtzwembad Bakkeveen Cultuur gisteren
Afbeelding
Theatercollege ‘Terugblik 80 jaar advocatuur’ voor de derde keer uitverkocht Evenement 6 mei, 10:00
Afbeelding
Sonja Arzumanyan exposeert met fantasierijke serie in Bibliotheek Heerenveen Cultuur 5 mei, 12:00
Afbeelding
Bevrijdingsvuur naar Kazemattenmuseum Historie 4 mei, 19:45
De familie Verloop, eigenaar van De Bakkers van Verloop
De Bakkers van Verloop viert 100 jaar: een eeuw vakmanschap en aandacht Verhalen uit de buurt 30 apr, 15:00
Afbeelding
‘Groener beloont’ subsidies verlengd tot en met 2029 Politiek 30 apr, 12:00