Afbeelding

Frysk Boekefeest, ôftraap Fryske Boekewike 2023

Cultuur

FRYSLAN - No freed 3 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn dûnsskoalle Saco Velt yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2023. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Hiltje yn Pella’ fan Anita Terpstra presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 4 o/m 12 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15,- oan Fryske boeken by jo boekhannel. Op snein 12 novimber kinne jo mei it Kadoboek fergees reizgje yn de bussen en treinen fan Arriva yn Fryslân.

Anita Terpstra (Hallum, 1974) skreau dit jier it Kadoboek foar de Fryske Boekewike. Ferline jier ferskynde fan har it famyljeportret ‘Al mijn moeders’, in konfrontearjende oade oan sân generaasjes froulju fan De Harkema. Yn de Fryske Boekewike jout de skriuwer op ferskate plakken yn de provinsje lêzingen oer har boeken en yn it bysûnder it Kadoboek.

Kadoboek ‘Hiltje yn Pella’

Hiltje Aukes Sipma út Boarnwert emigrearre yn 1847 mei har man en harren seis bern nei Amearika. De hoop op in better libben, yn ekonomysk en religieus opsicht, dreau it pear nei it lân fan de ûnbegrinze mooglikheden. Yn de steat Iowa stichten se, mei achthûndert oare Nederlanners, it stedsje Pella.

Fergees troch Fryslân reizgje op fertoan fan it Kadoboek

Op snein 12 novimber kinne jo op fertoan fan it Kadoboek – mei in koartingskoade fia de Boekewikewebside fan Arriva – fergees reizgje yn de bussen en de treinen fan Arriva yn Fryslân. Mear ynformaasje oer de betingsten en de koartingskoade is te finen fia: arriva.nl/boekewike.

De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek en docht dat troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân. Mear ynformaasje oer Boeken fan Fryslân op boekenfanfryslan.frl.

Afbeelding
ACQUAFORTE Compagnie brengt magisch theaterspektakel naar Leeuwarden Cultuur 2 uur geleden
Foto van de expositie
Expositie ‘Wortels en vleugels’ van Clara Velema in Cultuurpodium Dorpskerk Huizum, Leeuwarden Cultuur 4 uur geleden
Afbeelding
Oldehove Cup 2026: 171 karateka uit Nederland en Belgi ë naar Leeuwarden Sport 6 uur geleden
Afbeelding
Museumnacht in het Kazemattenmuseum Evenement 21 uur geleden
Afbeelding
Gemeente Leeuwarden krijgt twee CanalCleaners tegen plastic in het water Algemeen 23 uur geleden
Afbeelding
Fries Museum lanceert onderwijsaanbod voor primair en voortgezet onderwijs over Redbad Educatie 21 sep, 12:00
Grote uitslaande brand bij de Grote Keizer, pand niet meer te redden
Zeer grote uitslaande brand verwoest De Grote Keizer in Leeuwarden 112-Nieuws 20 sep, 09:26
Afbeelding
Stijlvol slapen, fris en uitgerust opstaan; ontdek de vernieuwde Stiel collectie bij Van der Velde in Winsum Wonen 19 sep, 08:00