Afbeelding

Winner Bêste Frysktalige Redaksjestik 2023 is fan Diggelfjoer Wommels

Educatie

SNITS - Woansdei 6 maart wie de priisútrikking fan it Bêste Frysktalige Redaksjestik fan gemeente Súdwest-Fryslân. Elts jier ropt de gemeente doarpskranten yn Súdwest-Fryslân op om harren bêste Frysktalige stikken yn te stjoeren. Dêrmei kinne se in moaie jildpriis winne. De redaksje fan Diggelfjoer út Wommels hat it bêste Frysktalige stik skreaun fan 2023. Se winne dêrmei 300 euro. Op it twadde plak is de redaksje fan Diggelfjoer Fjouwer Doarpen (Rien, Itens, Hinnaard, Lytse Wierrum) eindige. Sy winne 200 euro.

Wethâlder Petra van den Akker fynt it wichtich dat dizze prizen útrikt wurde. Se seit: “Foar alle ynwenners is it fan belang dat sy mei it Frysk yn oanrekking komme. De doarpskranten kinne dêr in moaie bydrage oan leverje. Der binne yn 2023 net in protte stikken ynstjoerd. We sille dit jier sjen hoe’t we dat op in oare wize ynfolje kinne.”

De winnende stikken 

It stik fan Wommels giet oer ynwenster Annette Meijer-Wijbenga. Se hat te hearren krigen dat sy MS hat. Mar se giet net by de pakken delsitten. Mei it team Mentaal Sterk fan it MS fûns rint sy nei de top fan de Mont Ventoux, in tocht fan 21 kilometer mei lotgenoaten. “In sterk ferhaal mei emoasje oer it omgean mei MS en doelen foar har libben. Ek oer tsjinslach wurdt ferteld. It ferhaal jout in moai byld fan it karakter fan Annette en is geef Frysk skreaun.” Sa stiet yn it sjueryrapport.

De Fjouwer Doarpen hawwe skreaun oer “It lêste rûntsje” fan molkboer Henk Feenstra út Hommerts. Nei 50 jier stoppe Henk dermei en gong hy mei pensjoen. In redaksjelid is mei Henk mei west op de SRV-wein en hat it lêste rûntsje troch Rien en Itens meiriden. De sjuery sei it folgjende: “It artikel lêst maklik en der wurde goeie fragen steld. It is in persoanlik ferhaal fan hoecht Henk Feenstra syn wurk die wat er mei makke hat ûnderweis en yn syn wein. It stik is aardich geef Frysk skreaun.”

Sjuery

Der binne yn totaal 8 stikken ynstjoerd fan 5 ferskiedene doarpskranten. De krantsjes mochten meardere stikken ynstjoere. De sjuery hat dizze stikken neisjoen en beoardiele op tema’s as: nijswearde, skriuwstyl, opbou, doelgroep, taalgebrûk en flaters. Yn de sjuery sitte: skriuwer Thys Wadman, sjoernaliste en presentator by Omrop Fryslân Tiete Sijens en FNP riedslid Jikkie Ruiter-Postma.

Afbeelding
Boeren overhandigen eerste spandoek aan de provincie Fryslân Agrarisch nieuws 4 uur geleden
Afbeelding
De leukste activiteiten tijdens Pinksteren in Friesland Recreatie & Ontspanning 16 uur geleden
Afbeelding
Maatschappelijke gift maakt Musical De Tocht toegankelijk voor 2000 kinderen Cultuur 18 uur geleden
Afbeelding
Onderzoek: Dit betaal je in 2024 voor een huwelijksceremonie in Friesland Financieel 17 mei, 10:00
Afbeelding
Fryslân pakt regie op energiesysteem van de toekomst Duurzaamheid 16 mei, 15:00
Afbeelding
Op 25 mei Zero Waste Wandeltours in Leeuwarden en Sneek Evenement 16 mei, 12:00
De priiswinnaars vlnr Marije Buma, Annarixt Weststeijn en Saphyra Holwerda
Marije Buma wint het Lyts Frysk Diktee 2024 Cultuur 16 mei, 10:00
Afbeelding
'Een samengesteld gezin is heel anders dan een standaard gezin' Educatie 15 mei, 18:00