Afbeelding
Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra jout de Lêskoffer oan wethâlder Petra van den Akker (rjochts). Foto: Petra Kroon.

Fjirtich skoallen yn Súdwest-Fryslân krije besite Berneboeke-ambassadeur

Educatie

SÚDWEST FRYSLÂN - Fan ’e moarn is Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra úteinset yn ’e gemeente Súdwest-Fryslân. Lida komt de kommende moannen op fjirtich basisskoallen del om lês- en boekewille te fersprieden. De ôftraap wie op ’e Sint Martinusskoalle yn Makkum.

Wethâlder Petra van den Akker hat fan ’e moarn symboalysk de earste Lêskoffer fan ’e gemeente yn ûntfangst nommen. Dat die se ûnder in feestlike ôftraap op ’e Sint Martinusskoalle yn Makkum. Dy skoalle hat har ferline jier as earste oanmeld. “De Berneboeke-ambassadeur is in supermoai projekt, dêr’t wy as gemeente graach oan meiwurkje,” fynt de wethâlder. “De takomst fan it Frysk leit by de bern. Dêrom is it ekstra belangryk dat wy harren entûsjast meitsje foar it lêzen fan it Frysk. En wa kin dat better dwaan as Lida, dy’t sels berneboekeskriuwster is!”

“Dit is in prachtige gearwurking,” seit Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra. “Alle basisskoallen dy’t dêr priis op stelden hawwe de Lêskoffer fol berneboeken fan ’e gemeente kado krigen.”

Foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje

Lida Dykstra is sûnt 2020 Berneboeke-ambassadeur, in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Se hat yn dy funksje al op mear as hûndert skoallen west. Se komt yn sawol de ûnderbou, middenbou as boppebou del, mar krekt wat de skoalle sels wol. Lida lit de bern yn ’e kunde komme mei Frysktalige boeken. Dat docht se net allinne troch de boeken út ’e Lêskoffer foar te lêzen. “Ik bepraat de boeken ek mei de bern. Soms gean ik mei âldere groepen oan ’e slach mei in kreative skriuwopdracht.”

Elly Attema fan ’e Sint Martinusskoalle hat der sin oan. “Ik fyn it foar elk bern in boppeslach om op dizze wize mei Fryske boeken yn ’e kunde te kommen. Der giet niks boppe je lekker fuortsakje te litten yn ’e wrâld fan ferhalen; dêr is alles mooglik!”

Mear witte oer de Berneboeke-ambassadeur? Besjoch dan it YouTubefilmke of gean nei https://berneboekeambassadeur.frl.

Afbeelding
Campagne moedigt ouders en kinderen aan afspraken te maken over smartphonegebruik Educatie 18 uur geleden
Afbeelding
De kids weer naar school? Leer ook wat nieuws! Educatie 24 aug, 08:00
Afbeelding
Scholen zijn begonnen: 13,5% meer fietsongevallen in Friesland Educatie 20 aug, 17:00
Julie Sofie (links) met de andere au pairs.
Julie Sofie uit Mildam is te zien in het achtste seizoen van BNNVARA-programma Au Pairs Persoonlijke verhalen 20 aug, 12:00
Afbeelding
Keuken vol fruitvliegjes? Dit kun je doen Natuur 20 aug, 08:00
Afbeelding
Open Dag op zaterdag 22 augustus centrum Tjongeroog Gezondheid 19 aug, 10:00
Afbeelding
Zo kom je weer in het ritme na je vakantie Recreatie & Ontspanning 18 aug, 08:00
Afbeelding
10.000e bezoeker Kazemattenmuseum Verhalen uit de buurt 17 aug, 12:00