Johan Vogelzang
Johan Vogelzang

Influencers Sylvana, Doutzen, Epke én Kneppelfreed

Column

De earste kolumn yn en oer it Frysk, yn de fiif Rondom-kranten. Wêr sil ik mei begjinne. It rjocht om de eigen taal te brûken? Fjochtsje foar dat rjocht? As op in leave wize sjoen en erkend wurde? It fjochtsjen fan Kneppelfreed wie ea fan grut belang by de rjochtbank yn Ljouwert, doe waard it Frysk erkend as twadde Rykstaal fan Nederlân. Moatte wy fjochtsjen bliuwe foar de taal as kin it mei leafde?

Troch kneppelfreed koe ik op de middelbere skoalle derfoar kieze om Fryske taalles te krijen. Ik die it……. net! No spyt my dat wolris, mar ja, ik bin sfeargefoelich en miste in opteine en bliide sfear yn de klaslokalen. Letter haw ik myn kennis fan it Frysk al byspikere.

Dy taalsaken dy’t my oandroegen wurde diel ik graach mei jim, oer ûnderwerpen dêr’t ik fan lear en oaren miskien ek: stjoer my mar in mailtsje nei johan@rondomvandaag.nl. De meast ynteressante sil ik mei jim diele fia de webside www.rondomvandaag.nl en miskien sil ik der yn myn kolumn yn dizze papieren Rondom ek wolris nei ferwize.

It Frysk fielt foar my as de waarme fertroude húskeamer. Dêr’t ek wolris rúzje en ferskil fan miening is, mar dêr’t wy op it einde fan de dei fan elkoar hâlde.

As jeugd, as jongere, moat Fryske en ‘sexy’ wêze fansels, en dêr giet it tink ik noch in bytsje ‘fout’ mei it Frysk. It Frysk as in taal fan de húskeamer is net wast as hippe jongere útstriele wolst fansels. As sa’n Sylvana IJsselmuidenhar as moai Ljouwerter famke/frou mei it Frysk ferbynt en dat útdraagt, moast ris sjen hoefolle hipsters der yn it Frysk oergean. De shirts, caps, tattoos, sneakers mei Fryske wurden sille it ynternet en it strjittebyld oerspiele.

Doutzen Kroes stiet ek al foar it moaie Fryske wolwêzen, op in wat mear serene wize. Krekt wer oars, mar ek goed foar it Frysk. En ferjit ek Epke Zonderland net fansels, de Olympysk en wrâldkampioen turnjen.

Mei sokke ambassadeurs doarst der as Fryske jongere wol foar út te kommen wat dyn taal en provinsje is. Wedde? Letter ast dan ea ris sels heit as mem wurdst, dan silst de waarmte fan it Frysk wer wurdearje kinne. Frysk heart der gewoan op alle nivo’s en mominten by. Fan sexy oant gewoan, fan ‘stom’ oant geweldich, fan poëtysk oant hurd en bot. Lykas minsken yn oare talen dat ek binne, sa binne Friezen dat ek.

Friezen kinne hurd en bot wêze, mar ek freonlik, leaf en poëtysk. Tink mar oan Twarres mei Wêr Bisto en De Kast mei de poëtyske promoasje fan Fryske paden op it leafdespaad dy’t eltsenien yn Nederlân oansprekke.

It Frysk kin dus best wol oanslaan en foar folwoeksen oansjoen wurde. Hoechst dy der net mear foar te skamjen. Litte wy mei syn allen it Frysk dan ek mar gewoan sjen sa as it is, sa as it kin en sa as it mei. It mei der wêze, do meist der wêze. Hoechst neat te bewize, it is goed sa as it is, Frysk is Frysk, we hoege der net foar te fjochtsjen, it is der gewoan en sil der altyd bliuwe. En wy sille it altyd prate en skriuwe bliuwe. Mei tank oan Kneppelfreed én ússels.

Johan Vogelzang

Afbeelding
Duidelijkheid over beheer oevers langs Friese vaarwegen Natuur 4 uur geleden
Het afkoppelen van de regenpijp.
Week van de Groene Tuin helpt Friezen op weg om tuin te vergroenen Natuur 6 uur geleden
De leden van Agora Club Súd East Fryslân houden van 4 t/m 25 april een online veiling via hun Facebookpagina. De opbrengst is bestemd voor een beleeftafel voor Odensehuis Dirk Baron in Drachten.
Agora Club 14 houdt online veiling voor Odensehuis Dirk Baron Verhalen uit de buurt 9 uur geleden
Afbeelding
Tweede Paasdag: Miniatuur & Modelbouwspektakel Steenwijk Evenement 16 uur geleden
Afbeelding
Campagne Doortrappen feestelijk van start Gezondheid 27 mrt, 20:00
Afbeelding
FryslânDOK: Prins Dokkum Cultuur 27 mrt, 18:00
Afbeelding
Beleef een betoverende fair op de Doevenkamp in Oldeberkoop Evenement 27 mrt, 16:00
Afbeelding
Martine Donker (34) uit Appelscha gaat door met bewustwording voor autisme Persoonlijke verhalen 27 mrt, 12:00