De column gaat ditmaal over de hopelijk goede toekomst van de natuur in Fryslân, gezien de plannen met het Veenweidegebied centraal in de provincie en plannen eromheen.
De column gaat ditmaal over de hopelijk goede toekomst van de natuur in Fryslân, gezien de plannen met het Veenweidegebied centraal in de provincie en plannen eromheen.

Fryske Kolumn: ‘In moaie takomst foar de natuer fan Fryslân’

Column

Der sit in moaie takomst oan te kommen foar Fryslân, foar de natuer, foar de minsken, foar alles wat groeit en bloeit. Ik haw it boek ‘Wetterlân, lân fan takomst’ fan Eddy Wymenga en Ysbrand Galama trochlêzen en it kin gelokkich mei de natuer yn ús provinsje dochs noch goed komme.

De deade griene flakke greide (Google mar ris op Silent Spring) soe samar ris feroare wurde kinne yn in libjend lân, fol fan lyts en grut libben as kleurryk fleurich sûn gehiel. Dat lân kin dan neffens Eddy en Ysbrand dochs noch rendabel wêze foar de boer dy’t der eigner fan is. Ik bin bliid mei it boek en mei de ûntjouwings op dat mêd sa as ek mei de Fryske plannen foar it Veenweide-gebiet it gefal is.

Fuort mei de deade griene flaktes
My persoanlik griist it oan: dy deade griene Fryske flaktes fan hjoeddedei dêrst hast gjin fûgel mear hearst as sjochst. En wêr losrinnende kij ek hast net mear te finen binne omt it gers sa oergriislik wichtich wurden is as fretten foar de kij dat der gjin gerssprietsje mear fertrape wurde mei en der ek gjin kowestront mear op falle mei. It gers is produksje, eiwit foar de molkeproduksje fan de ko want dêr moat safolle mooglik molke en fleis mei produseard wurde.

‘Hoe de koeien verdwenen rond Jorwert’
‘Hoe de koeien verdwenen rond Jorwert’ liket my noch wolris in moaie titel foar in boek, mar ik haw noch net genôch ferstân fan it ûnderwurp om der ynhâldlik goed oer skriuwen te kinnen. Ik bin foaral in bûtensteander mei in miening, mei in gefoel.

Boeren, boargers, buitenlui en natuerminsken kinne tegearre oparbeidzje, want it giet net om de skuldfraach, it giet om de oplossingsmooglikheden. Dy wurde yn it boek ek beneamd. It boek is in wiere ynspiraasjeboarne dêr’t oplossingen yn oandroegen wurde. Mei in pear oanpassingen yn it lân is der al in soad goeds te dwaan.

‘Foarút nei hoe’t it froeger wie’
Ik fiel dat it oars moat mei it Fryske lânskip, Ysbrand Galama wit as boer en natuerminske dat it sa is en kin dat ek goed ûnderbouwe en ferwurdzje. It lânskip fan hûndert jier lyn wie neffens him it meast ideaal. Doe hiene muontsen en boeren it Fryske lân mei diken en wynmûnen droech genôch makke om te bewurkjen en wiene de fûgels en oare bisten der ek wiis mei, koe alles tegearre libje.

Mei hjoeddeistige techniken kin it lânskip dêr wer nei ta, op moderne wize. De goedbedoelde effisjint-slaggen yn wetterbehear en lânbehear binne dizze en foarige ieuw tefier trochslein. It is gelokkich noch net te let, mar dat der wat feroarje moat is dúdlik.

Afbeelding
Onderzoek: Hier worden in Friesland de meeste fietsen gestolen Algemeen 2 uur geleden
Afbeelding
Treinen en bussen ook in Fryslân 3 minuten stil Algemeen 2 uur geleden
Ritske en zijn dochter Binnie in de showtuin van Poelman Bestratingen.
Poelman Bestratingen viert 25-jarig jubileum Algemeen 8 uur geleden
Afbeelding
Aankondiging Open Avond donderdag 25 april Golfpark De Hildenberg 2024 Sport 12 uur geleden
Afbeelding
Onderzoek: dit is het meest gebruikte supplement in Friesland Gezondheid 12 uur geleden
Afbeelding
Nieuwe subsidie voor innovatieprojecten in de landbouw in Noord-Nederland Agrarisch nieuws 18 apr, 18:00
Harry Dekker, Esther Verhagen en Perry de Neef nemen eerste zonnecrèmepaal in gebruik.
Gratis zonnebrandcrème verkrijgbaar in de gemeente Ooststellingwerf Gezondheid 18 apr, 16:00
Afbeelding
Draag bij aan het voortbestaan van de bij Natuur 18 apr, 10:00