Afbeelding
Foto: Facebookpagina De Koepel

Dorpskrant De Koepel heeft beste Friestalige artikel van 2020

Cultuur

WITMARSUM - De Witmarsumer dorpskrant De Koepel heeft de prijs gewonnen van beste Friestalige artikel in de gemeente Súdwest Fryslân dat maar liefst zestig dorpen en steden telt. Bij deze wedstrijd konden alle dorpskranten, wijkkranten en stadskranten hun beste Friestalige artikelen van 2020 insturen. De winnaar heeft een cheque van 300 euro gekregen. Nieuwtje voor dit jaar: ook het Hindeloopers/Hylpers en het Stadsfries mogen meedoen.

De gemeente Súdwest Fryslân meldt: “Doarpskrante De Koepel fan Wytmarsum wint lustrumedysje ‘It bêst Frysktaligeredaksjestik’. In krystferhaal is it bêste Frysktalige redaksjestik fan ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’egemeente Súdwest-Fryslân yn it ôfrûne jier. It krystferhaal is skreaun troch redaksjelid Wim Beckers fan doarpskrante De Koepel út Wytmarsum.

Twadde priis foar Easterein, tredde priis foar Wommels

It stik is keazen út santjin ynstjoeringen. De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard útrikt troch wethâlder Mirjam Bakker. Deútrikking fan dizze lustrumedysje barde digitaal. De twadde priis (200 euro) is foar in kollum, skreaun troch Nathalie Oliveiro, redaksjelid by de Doarpskrante fan Easterein en de tredde priis (100 euro) wie foar it stik ‘Dames Faber sjogge werom op dokumintêre’, skreaun troch Marije Postmus fan Diggelfjoer út Wommels.

Ambassadeurs fan de Fryske taal

It is de fyfde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske redaksjestikyn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útset hat. Wêr’t de útrikking oars yn it Gysbert Japicxhûs wie, moast dy no digitaal. Yn totaal hat de gemeente santjin Frysktalige teksten krigen, fan acht doarpskranteredaksjes. 

Wethâlder Mirjam Bakker: “Prachtich dat der it ôfrûne jier wer safolle moaie tekskten ynstjoerd binne. It is foar de Fryske taal belangryk dat minsken yn it Frysk skriuwe en it is in moai sinjaal datder yn sa’n nuver jier dochs santjin teksten ynstjoerd binne!”

De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op lêsberens, aktualiteit, mar ek kreativiteit en fansels it brûken fan ’e Fryske taal. Sjueryfoarsitter Douwe Blom: “De sjuery kriget it alle jierren krekt wer wat dreger. Dat is in opbou dy’t wy graach fêsthâlde. En sjoen de ynstjoeringen fan dit jier, dêr’t in moai ferskaat yn sit fan sawol foarm as ynhâld, moat dat de kommende jierren grif ek slagje. It bewiist dat de Fryske taal libbet en kreatyf brûkt wurdt.”

Njonken Blom, dy’t riedslid is foar de FNP yn Súdwest-Fryslân, bestie de sjuery út Jantine Weidenaar, sjoernalist by Omrop Fryslân, en Frysk skriuwer, yllustrator en muzikant Paul van Dijk. Dit jier wurdt de priisfraach op ’e nij útset. 

Nij is dat der ditkear ek teksten yn it Stedsk ynstjoerd wurde kinne en dat de redaksjeleden fan Hylpen oantrune wurde om teksten yn it Hylpersk yn testjoeren. “Wy wolle net allinne omtinken foar it Frysk freegje, mar ek foar de streektalen út ús gemeente. De priisfraach is dêr in moai middel foar”, jout wethâlder Bakker oan.

Afbeelding
Nieuwe subsidie voor innovatieprojecten in de landbouw in Noord-Nederland Agrarisch nieuws 13 uur geleden
Afbeelding
Friso Sneek treft runner up Draisma Dynamo in halve finale Sport 22 uur geleden
Afbeelding
Ontdek Kinderdans bij Kunstencentrum Atrium! Cultuur 17 apr, 10:48
Afbeelding
Visles op OBS de Oudvaart Sneek Algemeen 15 apr, 08:48
Afbeelding
Aantal Friese woningen met zonnepanelen in 2,5 jaar tijd toegenomen met 81,2% Duurzaamheid 12 apr, 08:00
Afbeelding
Herdenk op 4 mei bij het Kazemattenmuseum Verhalen uit de buurt 11 apr, 12:00
Afbeelding
Bijna kwart Nederlanders heeft probleem met stoelgang Gezondheid 11 apr, 10:00
Afbeelding
Dieuwke Kramer uit Sneek maakt debuut als presentatrice bij Tijd Voor Volleybal Sport 10 apr, 15:49