Door regiobeleid van het Rijk staat een deel van Friesland bekend al krimpregio, onrechtmatig vindt FNP
Door regiobeleid van het Rijk staat een deel van Friesland bekend al krimpregio, onrechtmatig vindt FNP

FNP wol dat regiobelied Ryk útgiet fan aktuele sifers en reëel ferlet

Algemeen

FRYSLAN - De FNP fraksje yn Provinsjale Steaten wol dat it regiobelied fan it Ryk net langer gebieten oanwiist en yndielt op basis fan âlde efterhelle befolkingsprognoazes. Dat belied hat in part fan Fryslân jierren it negative etiket ‘krimpgebiet’ opplakt, hoewol’t de trend al sûnt 2016 de oare kant op giet. 

 Hjoed makke it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) de nijste sifers bekend oer de ûntjouwing fan de befolking yn de Fryske gemeenten. Neffens CBS-wurdfierder Dick ter Steege kin de diskusje oer krimp foarearst ôfsletten wurde.

 Fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘Wy hawwe belied nedich dat better oanslút op de aktuele lokale situaasje. It etiket ‘krimp’ jout in negatyf stigma oan ús gemeenten en kin dêrmei de ûntjouwing fan ús mienskip yn guon gefallen yn de wei sitte.’

 Basearre op sifers en prognoazes fan doe binne yn 2015 foar it lanlike Twadde Aksjeplan Befolkingsdelgong saneamde krimpregio’s oanwiisd. Dat belied hat de gebieten it negative etiket fan de ‘krimp’ oplevere. En dat wylst al sûnt 2015-2016 in trend sichtber is dat wer mear minsken nei de minder drokke dielen fan Nederlân ferhúzje.

 De FNP Steatefraksje fynt dat no’t it nije regear yn De Haach oan de start stiet, it no it momint is foar de Fryske oerheden om mei-inoar har ynset nei it regear ta te bepalen foar de kommende jierren. Yn skriftlike fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten stelt de fraksje dat it belied útgean moat fan it reële ferlet yn ús gemeenten, yn stee fan op grûn fan efterhelle prognoazes of te ambisjeuze doelstellings.

Afbeelding
Nieuwe subsidie voor innovatieprojecten in de landbouw in Noord-Nederland Agrarisch nieuws 10 uur geleden
Afbeelding
Friso Sneek treft runner up Draisma Dynamo in halve finale Sport 19 uur geleden
Afbeelding
Ontdek Kinderdans bij Kunstencentrum Atrium! Cultuur 17 apr, 10:48
Afbeelding
Visles op OBS de Oudvaart Sneek Algemeen 15 apr, 08:48
Afbeelding
Aantal Friese woningen met zonnepanelen in 2,5 jaar tijd toegenomen met 81,2% Duurzaamheid 12 apr, 08:00
Afbeelding
Herdenk op 4 mei bij het Kazemattenmuseum Verhalen uit de buurt 11 apr, 12:00
Afbeelding
Bijna kwart Nederlanders heeft probleem met stoelgang Gezondheid 11 apr, 10:00
Afbeelding
Dieuwke Kramer uit Sneek maakt debuut als presentatrice bij Tijd Voor Volleybal Sport 10 apr, 15:49