Afbeelding

Kolumn: Frisse soerstof yn hearlike Fryske loften

Column

Talen as Ingelsk, Spaansk en Sineesk fiere hieltyd mear de boppetoan yn ús bestean. Mar wat is it moai om noch wat fan ússels te hawwen, iets eigens. Fryske wurden, Fryske grappen, Frysk iten, Fryske drankjes. ‘Onderzoekt alles en behoudt het goede’ is dêrby myn motto. Oftewol, ik bin foar in miks fan Fryske eleminten mei eleminten fan saken út oare kontreien.

Mei in iepen blik nei de wrâld, datjinne brûke wat jo nedich hawwe sûnder it Frysk eigene te ferliezen. Troch dat koroana-firus dat ûntstien is yn Sjina bliuwe wy boppedat mear thús as foarhinne en wurdt grappich genôch de wrâld om ús hinne wer lytser en leare wy ús buorren en sted en doarpsgenoaten wer better kinne.

Ferskate talen behearskje is tige handich
Fansels behearskje ik graach it Ingelsk en it Hollânsk, want it is handich jo bûten ús provinsje rêde te kinnen en datjinne leare kinne wat jo hjir wer brúke kinne. Yn in ynternasjonale wrâld sa as hjoeddedei is it best te dwaan en behâld jo eigen identiteit. As jo dy identiteit sels heech hâlde en brûke bliuwe, dan kin it hiel goed neist elkoar funksjoneare.

Op skoalle leare de bern foaral it Hollânsk en sels yn groep 1 (de kleuters) ek al Ingelske wurden. It Frysk komt der noch wol wat min fan ôf want yn it lesmateriaal dat de masters en juffen folgje moatte, is it Hollânsk de fiertaal. Fyn ik. No’t ik âlder wurd/bin, wurdearje ik it Frysk hieltyd mear en soe ik it moai fine dat der mear omtinken foar it moaie Frysk komt.

Poëtyske dreamen
It poëtyske ‘dreamen oer de weagen fan wolken swier as wuft en hege beammen dy’t it libben tekenje en hâldfêst biede yn in wrâld fol wikseljende minsklike emoasjes en gefoelens’. Wêr tinzen en finzen mar ien letter fan elkoar ferskille en sawol itselde as wat oars betsjutte kinne. Want dyn tinzen kin dyn finzenis wêze en ek dyn frijheid.

Sa is it Frysk ek alles, sawol frijheid as finzenis, it is alles wat mooglik en ûnmooglik is, it is alles omfetsjend. Ik fyn it hearlik om yn it Frysk dreame te kinne, skriuwe, prate, it jout my frijheid en iepen eagen nei de Fryske wolken, de loften, de greiden, de hearlik frisse soerstofrike loft dêr’t ik nea genôch fan krij en wol 150 jier jong yn wurde wol. Ik rêd my fansels wol mei it Hollânsk, mar it leafst praat en libje ik Frysk.

Hjir meist dysels wêze meie
It libben is hjir goed, ast der mar each foar hast. Wy hawwe hjir alles en neat te klaaien. Allinnich minsken dy’t nea genôch hawwe en altyd mear en grutter wolle, komme hjir tekoart. Litte wy dêrom grutsk en foaral bliid wêze mei de rykdom dy’t wy hjir hawwe. De materiële rykdom fan al it materiaal én de geastlike rykdom fan frijheid fan taalgebrúk, fan dat wy ússels wêze meie. Foar my is dat eltse dei genietsje, want ik wit dat it net fanselssprekkend is yn de wrâld fan hjoeddedei. Ik bin bliid mei it Frysk en mei Fryslân en de rykdom en frijheid dy’t wy hjir hawwe.

Johan Vogelzang

Afbeelding
Ontdek Kinderdans bij Kunstencentrum Atrium! Cultuur 20 uur geleden
Afbeelding
Visles op OBS de Oudvaart Sneek Algemeen 15 apr, 08:48
Afbeelding
Aantal Friese woningen met zonnepanelen in 2,5 jaar tijd toegenomen met 81,2% Duurzaamheid 12 apr, 08:00
Afbeelding
Herdenk op 4 mei bij het Kazemattenmuseum Verhalen uit de buurt 11 apr, 12:00
Afbeelding
Bijna kwart Nederlanders heeft probleem met stoelgang Gezondheid 11 apr, 10:00
Afbeelding
Dieuwke Kramer uit Sneek maakt debuut als presentatrice bij Tijd Voor Volleybal Sport 10 apr, 15:49
Afbeelding
Dieuwke Kramer uit Sneek maakt debuut als presentatrice bij Tijd Voor Volleybal Sport 10 apr, 10:19
Afbeelding
4 tips voor effectief time management binnen jouw bedrijf Algemeen 9 apr, 11:10