Afbeelding

Kolumn: Moaiste tiid fan it jier, fansels!

Column

De moaiste tiid fan it jier komt der wer oan. De Krystdagen, lekker foar de kachel, frije dagen, ûntspanne, net wurkje, tiid mei famylje as gewoan noflike ‘me-time’ om wer op te laden. Hearlike ‘feel good’ musyk op de radio, wyntsje as in bakje kofje mei slachreamme derby, film sjen op de bank ûnder in tekkentsje, knutselje mei de bern, in eintsje kuierje yn it winterwaar as drave, fytse: ik haw der wer nocht oan.

Yn in restaurantsje sitte kin no even net troch de koroanarigels mar dan moast it sels thús mar sfearfol meitsje. Kinst wol allegear noflik iten en drinken ophelje by in soad restaurants dus mooglikheden genôch om dochs noch iten fan topkoks yn in topsfear te nuttigje.

Restaurants iepen foar opheljen as besoargjen

Yn Ljouwert hast sels in ‘drive through’ om folslein koroanaproof hearlik iten en drinken fan restaurant-kwaliteit op te heljen. Ek yn de restaurants yn de doarpen ûntsteane moaie dingen op dat mêd.

Wy meitsje der mei ús allen fansels wol wer wat moais fan. Meist net in soad minsken útnoegje neffens it regear, mar persoanlik fyn ik dat wol best genôch. Ik bin dochs al net sa fan de grutte groepen, haw leafst mei in pear minsken in goed petear of noflik neat en nocht en wille. Boppedat: it is ek in moaie tiid om wer oandacht oan it eigen gesin en de eigen famylje te jaan.

It hiele jier troch fleane wy allegear oeral hinne – al is dat mei koroana wol wat minder wurden fansels – en no kinst wer even mei elkoar prate, laitsje, stil wêze, elkoar wer moetsje en ‘innerlijk’ kontakt meitsje. Dat is neffens my ien fan de grutste foardielen fan de koroanatiid: datst wer thús bist en kontakt makkest mei de minsken dy’t ticht by dy steane.

Foardiel fan koroana: thús wer echt kontakt meitsje

De maatskippij is al sa rjochte op snel en fluch en oeral hinne, prestere en produseare en fan alles tagelyk dwaan. Ferplicht in stapke werom is yn dit gefal neat mis mei. Dêr komme de moaiste mominten fan.

Ek al bist miskien allinnich yn hûs, fia internet kinst dochs mei famylje en freonen ‘beeldbellen’, skype, appe, ‘chatten’, maile as gewoan âlderwets belje. Witte litte datst fan sy hâldst en sa en oer hoe’t it mei dy en moai harren giet. It is wer tiid foar de waarmte, foar rêst en in klopjend hert fan leafde. Dêrom, nettsjinsteande dat firus dat de hiele wrâld yn de besnijing hat, sis ik as oprjochte Fries: Noflike Krystdagen, de beste winsken en in tige Lokkich Nijjier tawinske.

Afbeelding
Duidelijkheid over beheer oevers langs Friese vaarwegen Natuur 5 uur geleden
Het afkoppelen van de regenpijp.
Week van de Groene Tuin helpt Friezen op weg om tuin te vergroenen Natuur 7 uur geleden
Markus Passion – Da Capo Leeuwarden
Kijktip: Markus Passion te sjen by Omrop Fryslân Cultuur 10 uur geleden
Afbeelding
Update: Gaslekkage ontstaan tijdens werkzaamheden in Leeuwarden 112-Nieuws 11 uur geleden
Kom jij langs bij de grote showroom uitverkoop van Bakker Postma in Leeuwarden?
Grote showroom uitverkoop bij Bakker Postma in Leeuwarden Zakelijk nieuws 13 uur geleden
Afbeelding
Succesvol jubileumspel in Leeuwarderbos voor 95-jarig bestaan Scoutinggroep Burmania Sport 15 uur geleden
Afbeelding
Leeuwarden doet voor de derde keer mee aan het NK Tegelwippen Algemeen 17 uur geleden
Afbeelding
Campagne Doortrappen feestelijk van start Gezondheid 27 mrt, 20:00