Deadline ‘Rely Jorritsma’-prijs nadert met rasse schreden
CultuurFRIESLAND - De deadline van de jaarlijks Friese literatuurpijs ‘Rely Jorritsma’ nadert met rasse schreden: tot en met 9 mei 2021 kunnen nog verhalen en gedichten worden ingezonden.
Het gaat om Friestalige literatuur, waarbij het prijzengeld afkomstig is uit de nalatenschap van Rely Jorritsma. Hij werd in 1905 in Jellum geboren en overleed in 1952 in Nijmegen en koesterde de Friese taal. Dit jaar is het de 67-ste editie van deze jaarlijkse literatuurprijs.
Goed in het Fries kunnen schrijven is aan te bevelen
Daarom vervolgen we dit artikel nu in de Friese taal, wat de tweede officiële Rijkstaal van Nederland is overigens. Wil je meedoen en kans maken op een prijs, dan is het goed kunnen schrijven in de Friese taal erg handig.
Der wurde elts jier fiif ferhalen en fiif fersen bekroane
Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1.000. Oant en mei snein 9 maaie oansteande kin ynstjoerd wurde. De sjuery foar 2021 bestiet út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven.
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.
Sûnt 2018 wurdt it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch boargemaster en wethâlders fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum. De Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) rêdt mei de organisaasje.
De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery.