Johan Vogelzang.
Johan Vogelzang.

Kolumn: de wichtige boadskip fan koroana, taal en kilo’s

Column

Doe op sneon 23 jannewaris de jûnsklok fanwege it koroanafirus yngie, wisten wy Friezen hiel offisjeel besjoen fan neat. Want de oerheid hie it boadskip yn it Hollânsk sein en skreaun en hie ek har best dien om alle mede-landers te ynformearjen yn de talen Ingelsk, Arabysk, Turks, Poals, Bulgaarsk, Papiaments, Dúts, Frâns, Spaans en Sjinees. Best genôch soene je sizze, sy dogge goed harren best.

Mar it Fries, de twadde Rykstaal fan ús lân, wiene sy ferjitten! Ik fyn it in goede aksje fan Friezen fan politike partij FNP om harren hearre te litten en oan te jaan dat it Frysk net om neat de twadde Rykstaal fan ús lân is en dat soks ek wat ynhâld. Deputearre Sietske Poepjes hat yn Den Haach oan de belle lutsen en der is in Fryske taalfariant kaam.

Der moat in memo nei alle ministearjes

It is logysk dat je yn de Rânested as Den Haach op strjitte of op je wurk it Frysk net tsjinkomme en de bútenlânske talen wol, dat in flater(ke) dêryn maklik makke is. Dêrom moatte wy hearre litte dat wy der binne en dat wy rjochten hawwe mei ús taal. Der moat in memo oer makke wurde dy’t nei alle ministearjes giet: Nederlân hat twa offisjele talen en hâld dêr rekken mei blikskaters.

Op it momint dat ik dizze kolumn skriuw, is noch net dúdlik as de jûnsklok nei 10 febrewaris alwer ferdwûn is en dat wy der alwer sûnder meie. Ik moat in slach om de earm hâlde. Ien ding hoopje ik al: dat it regear it beslút no al ek yn it Frysk melde sil.

Ik hoopje dat wy fan de jûnsklok ôf binne, al sjoch ik ek om my hinne yn de media dat it oantal besmettingsgefallen net yn grutte getallen ôfnimt. Ik hear ek lûden fan in Fryske man mei de namme Peter van der Voort út it Fryske doarp Boksum – dy’t Hoofd Intensive Care by it sikehûs fan Grins is – dat it foaral mannen mei oergewicht binne dy’t in soad lêst fan it firus hawwe en yn de sikehûzen belâne.

It wichtige punt fan de koroanakilo’s en wêr it fuort komt

Dêrmei kom ik op in oar wichtich punt: de kilo’s dy’t in soad minsken op harren lichem meidrage, dêr wol ik ek noch wolris in rake kolumn oer skriuwe. Want dat kin fansels eins net yn ús moderne maatskippij, wêr de ferlieding foar in pear sinten, in habbekrats, op de hoeke fan hast eltse strjitte te keap is. Dat is dochs net te ferkeapjen oan lettere generaasjes?

Sokke saken - supermerken en sa - meie júst wol iepen wêze yn koroanatiid. Mar sy ferkeapje net allinich needsaaklik iten en drinken, der wurdt ek net needsaaklik spul ferkocht. Spul wat net natuerlik is. Fabryksiten, lit ik it sa mar neame. Dêr komme de koroanakilo’s wei. En dat mei wol trochgean yn koroanatiid - sportskoallen en sportwinkels net - wylst it spul dat de ekstra lichemskilo’s fersoarget ek foar deaden soarget. Mei iten dêr’t lykas yn sigaretten ek ferslavende stofkes sitte. Oer dat iten moat it regear ek marris strang belied meitsje.

Afbeelding
Domotheek geopend in Heerenveen Algemeen 2 uur geleden
Afbeelding
Contextuele coaching met de Verbindingsmakelaar Zakelijk nieuws 3 uur geleden
Afbeelding
Treinen en bussen ook in Fryslân 3 minuten stil Algemeen 17 uur geleden
Afbeelding
Onderzoek: Hier worden in Friesland de meeste fietsen gestolen Algemeen 17 uur geleden
Beeld ter illustratie
Burgemeester Buma sluit woning in Leeuwarden vanwege overtreding Opiumwet Algemeen 23 uur geleden
Ritske en zijn dochter Binnie in de showtuin van Poelman Bestratingen.
Poelman Bestratingen viert 25-jarig jubileum Algemeen 23 uur geleden
Afbeelding
Onderzoek: dit is het meest gebruikte supplement in Friesland Gezondheid 19 apr, 08:00
Afbeelding
Nieuwe subsidie voor innovatieprojecten in de landbouw in Noord-Nederland Agrarisch nieuws 18 apr, 18:00