Links hoofdredacteur Amarins Geveke, rechts eindredacteur Thialda Hoogeveen.
Links hoofdredacteur Amarins Geveke, rechts eindredacteur Thialda Hoogeveen. Foto: de Moanne

Nieuwe koers voor Fries literair tijdschrift de Moanne

Cultuur

Het Friese literaire tijdschrift de Moanne gaat een nieuwe koers volgen. Na een nieuwe hoofdredacteur eerder dit jaar en nu ook nieuwe eindredacteur volgt ook de nieuwe koers. Amarins Geveke volgde in maart dit jaar Ernst Bruinsma als hoofdredacteur van de Moanne op en per 1 januari aanstaande neemt Thialda Hoogeveen de eindredactiefunctie van Sito Wijngaarden over. Dat betekent tevens tijd voor een nieuwe koers voor het blad dat een breed en creatief podium biedt voor actuele bijdragen over cultuur en kunsten in Friesland.

Of zoals de Moanne het zelf op de eigen website schrijft in de eigen prachtige Fryske taal: “It is tiid foar in nije koers by de Moanne. Ynhâldlik, organisatoarysk en yn foarm. Tialda Hoogeveen nimt mei yngong fan 1 jannewaris takom jier de einredaksje oer fan Sito Wijngaarden, dy’t tsien jier lang dy funksje útfierd hat. Dêrneist ferhuzet it blêd fanút de Afûk nei in nij ûnderdak yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It tydskrift sels bliuwt it poadium foar kultuer en keunsten yn Fryslân en sil faker fan him hearre litte, op mear ferskate plakken.”

“Mear ynsette op nij talint, Fryske taal en identiteit”
“Mei yngong fan 1 jannewaris start ek de nije beliedsperioade foar de Moanne. De kommende jierren wolle wy ynsette op nij talint, de Fryske taal en identiteit, debat en maatskiplike tema’s, en wolle we eksperimintearje mei de ferskiningsfoarm fan de Moanne. Dat kin in literêre jûn wêze, in dichtbondel, in eksposysje of in dokumintêre. We sille dêryn hieltyd de gearwurking sykje mei kulturele ynstellingen yn Fryslân, lykas Tresoar, Afûk, City of Literature en musea. De provinsje Fryslân is ek foar de kommende fjouwer jier ús grutste partner yn de realisaasje fan dy ambysjes.”

“Ûnôfhinklik, kritysk en belutsen”
de Moanne is it algemien-kulturele en literêre tydskrift dat funksjonearret as in poadium foar kultureel Fryslân. de Moanne docht ûnôfhinklik, kritysk en belutsen ferslach fan kultuer yn Fryslân. De kultuer, it klopjend hert fan Fryslân, is faak flechtich, in toanielstik of in foardracht is mar foar even. En tagelyk is dat hert der altyd, yn ús mienskip, ús tinken, ús dwaan. It platfoarm de Moanne is in permanint dokumint fan dat kulturele hert.”

“Entûsjasmearje, ferbine, befreegje en oanjeie”
“Wy wolle dat hert fielber meitsje troch ús webside, nijsbrieven, it tydskrift en alderhande ferrassende oare foarmen dy’t we meitsje, yn gearwurking mei it fjild. Dêrby is it platfoarm der foar de kulturele makkers as eigen poadium, we wolle in plak biede foar skriuwers, nij talint, om har uterje te kinnen. de Moanne wol dêryn entûsjasmearje, ferbine, befreegje en oanjeie.”

“De redaksje fan de Moanne bestiet út Arjan Hut, Eva Meesterberends, Eelco Venema, Robea Kleisma, Raymond Muller en Henk te Biesebeek. Einredaksje per 1 jannewaris Tialda Hoogeveen, haadredaksje Amarins Geveke. Foarmjouwing BWH ontwerpers Ljouwert, print en fersprieding Van der Eems Easterein.”

Afbeelding
Treinen en bussen ook in Fryslân 3 minuten stil Algemeen 5 uur geleden
Afbeelding
Onderzoek: Hier worden in Friesland de meeste fietsen gestolen Algemeen 5 uur geleden
Beeld ter illustratie
Burgemeester Buma sluit woning in Leeuwarden vanwege overtreding Opiumwet Algemeen 11 uur geleden
Ritske en zijn dochter Binnie in de showtuin van Poelman Bestratingen.
Poelman Bestratingen viert 25-jarig jubileum Algemeen 11 uur geleden
Afbeelding
Onderzoek: dit is het meest gebruikte supplement in Friesland Gezondheid 15 uur geleden
Afbeelding
Nieuwe subsidie voor innovatieprojecten in de landbouw in Noord-Nederland Agrarisch nieuws 18 apr, 18:00
Afbeelding
Aanbod hoogbegaafdheid van Proloog zorgt ervoor dat kinderen worden gezien Zakelijk nieuws 18 apr, 12:00
Afbeelding
Start kaartverkoop Grondproeven: culinair muziektheater over een boerenbedrijf in transitie Cultuur 18 apr, 10:00