Afbeelding

Fryske kolumn Johan Vogelzang: Boeren, burgers en oerheid: let op!

Column

Goed omgean mei natoer, dat wolle wy allegear fansels al bart dat lang net altyd. De natoer is wichtich, dêr libje wy op en libje wy fan, dat is it hert dat foar ús kloppet en dat ús foarsjocht fan ús deistich brea om ús magen te fulle foarsjen mei lekker iten en in dak boppe ús holle te meitsjen.

Wy hawwe as minsken manieren ûntwikkele om de natoer te helpen him flugger te ûntwikkeljen. Mei keunstmest op it lân en ekstra ‘voedingsmiddelen’ foar kij, bargen en hinnen sadat sy fluch groeie en dik genôch wurde om te slachtsjen foar ús stikje fleis op it boerd.

En dêr sit de falkûle, want wannear jagest de natoer tefolle op en putst him út? Moat de natoer earst in burn-out hawwe foardat wy stopje mei ‘útmelke’ en útputte? Lykas it hjoed-de-dei mei minsken op hun harren wurk giet? As ‘baas’ fan in bedriuw kinst in oar minske ynhiere foar de funksje wêr de burn-out yn fallen is, mar as ‘baas’ fan de natoer kinst net samar in oare natoer it plak fan de earste natoer oernimme litte.

Dus moat de natoer rêden wurde foardat dy hielen-dal leechmolken is en útputten. Inisjativen as biologysk buorkjen, greidefûgelbehear yn kombinaasje mei natoerfreonlike lânbou: dêr giet it neffens my om. De konsumint moat dan wol dy produkten keapje wolle en miskien moat de oerheid subsydzje jaan om it foar de konsumint betelber te meitsjen en foar de boer rendabel te meitsjen om biologysk te buorkjen.

In boer sil him tefreden stelle moatte dat hieltyd grutter en mear winst behelje net it heechste doel wêze kin, want sa wurdt de natoer útputte. En de konsumint sil leare moatte mear jild foar deistich iten en drinken betelje te moatten, sels as dat ten koste op kosten giet fan jild foar bûtenlânske fakânsjes as jild foar in gruttere auto as hûs.

Boppedat: Fryslân is al moai as fakânsjelân, der komme al hieltyd mear toeristen fan ús moaie provinsje genietsje. Oftewol it wurdt heech tiid dat wy der sels ek mear each foar krije en it moaie fan ús provinsje wurdearje en hjir fan ús wolfertsjinne fakânsje genietsje. De koroana-krisis hat ús der dit jier al in bytsje mei holpen, it besef wurdt hieltyd grutter.

Litte wy dêrom ús eigen bedriuwen en ús eigen natoer stypje. Dat liket my in hiel goed plan want mei ús natoer en bedriuwen moatte wy net allinnich ús eigen libben ta kinne, mar ek ús bern en harren bern moatte derfan libje kinne. En in natoer dy’t kealplôke is, dêr’t gjin ynsekten en greidefûgels mear libje, wêr gjin beam mear foar skaad soarget en ferkuolling, is letterlik en figuerlik in deade boel.

Ik hoopje dat ‘economy-driven’ boeren mei strak Ingelsk raaigers-lân oerskeakelje wolle en kinne, bedriuwsekonomysk en natuerekonomysk. Ik kin in pear boeren by wa it biologysk libben ekonomysk fertuten docht. Litte wy mei syn allen (boeren, burgers, buitenlui en net te ferjitten oerheidsynstânsjes) oan de slach gean om ús eigen natoer te behâlden foar no en foar de takomst. Lit de natoer net in burn-out krije, mar lit it bloeie en groeie, mei each foar minsken, bisten en planten. 

Afbeelding
Column Rijkele Dijkstra: Ons veilige gevoel Column 4 uur geleden
Beeld ter illustratie
Meer natuur in polder Siderius bij Earnewâld Natuur 7 uur geleden
Afbeelding
Column Melissa: Uit de kast komen is niet alleen bevrijdend voor jezelf, maar ook voor anderen Column 10 uur geleden
Afbeelding
Burgemeester sluit woning Amelandsdwinger vanwege grote drugsvondst 112-Nieuws 12 uur geleden
Afbeelding
Column Desirée van Dijk-Attema: Uitstellen Column 23 apr, 18:00
Denise Campbell (links) en Laura Smeets (rechts)
Keramiekmuseum Princessehof lanceert nieuwe podcastserie genaamd 'Porseleincast' Algemeen 23 apr, 16:00
Afbeelding
Hondje Binky in de bemiddeling Stichting SOS voor huisdieren Friesland Algemeen 23 apr, 14:00
© Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen. Europaparty Oldehoofsterkerkhof Gedeputeerde Sijbe Knol en Wethouder Hein Kuiken
Brunzyn X Bokoedro, Gladde Paling en Kroegtijgers op het podium tijdens dé Europaparty op 11 mei in Leeuwarden Evenement 23 apr, 12:46