Politicus Roel Falkena
Politicus Roel Falkena Foto: FNP

Friese politicus Roel Falkena overleden

Politiek

FRIESLAND - De Friese politicus Roel Falkena is zaterdag 20 februari overleden. Omdat hij als politicus van de FNP op lokaal, provinciaal, nationaal en ook internationaal niveau zoveel heeft betekend voor het behoud en versterken van de Friese taal en cultuur en alles wat daarmee te maken heeft, is zijn In Memoriam in de Friese taal. Wij lenen zijn In memoriam van de Fryske Nasjonale Partij.

Als je het verhaal hieronder over zijn politieke leven in het Nederlands wilt lezen, dan raden wij je aan om Google Translate te gebruiken of de website genaamd Oersethelp.

In memoriam Roel Falkena 1936-2021

Op 20 febrewaris 2021 kaam Roel Falkena te ferstjerren. In drôf berjocht dat in soad tinzen opropt. De betsjutting fan dizze markante man foar de FNP falt net gau te oerskatten. Fan it begjin ôf wie hy belutsen en letter tsjinne hy de partij yn tal fan politike en bestjoerlike funksjes. Syn grutste fertsjinste leit boppe-al yn de finsters dy’t hy foar de FNP iepene hat nei Europa.

Neffens eigen sizzen hat de rebûlje om Kneppelfreed hinne yn 1951 by him as skoaljonge in earste oanset west om aktyf te wurden yn de Fryske Beweging. Roel Falkena wie studint yn it nei-oarlochske tiidrek fan de weropbou. In tiid fan maatskiplik optimisme en foarútgong. Hy wie ûnderdiel fan in generaasje dy’t it stribjen nei ferbining yn Europa en de wrâld om ‘nea wer oarloch’ hiel bewust meikrige.

In federaal Europa fan de regio’s wie wat Roel mei in soad lju yn de Fryske Beweging foar eagen stie. Hy wie doe al in tige Frysksinnich man. Roel wie neist syn stúdzje Diergenêskunde yn Utert aktyf yn de Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Hy waard foarsitter en koe dêrmei út namme fan de Fryske studinten yn it iepenbiere debat it wurd fiere.

Hy sette him nei syn stúdzje del as bistedokter yn Beetstersweach, fan 1964 oant 1999. Hy wie troud en der kamen trije bern.

Roel wie belutsen by de FNP fan begjin 1962 ôf. Hy wie al lid fan de stipefraksje doe’t de partij yn 1966 foar it earst meidie oan de Steateferkiezings. Yn de FNP kamen syn ideeën oer in federaal Europa en it stribjen nei taalemansipaasje en sizzenskip fan de Fryske Beweging byinoar. No mei de mooglikheid om der aktive polityk mei te bedriuwen. Hy jildt as de oprjochter fan de FNP-ôfdieling yn Opsterlân. 

Hy siet 6 jier yn it Haadbestjoer fan de partij, wie 11 jier steatelid (1988-1999) en 5 jier riedslid. Binnen de FNP wie Roel Falkena ek ien fan de grutte pleitbesoargers fan it dielnimmen fan de partij oan de ferkiezingen foar de Twadde Keamer: ‘Wy moatte sels immen yn Den Haach hawwe dy’t foar de Fryske belangen opkomt’, sa stelde hy. 

Syn dream waard foar in part werklikheid doe’t FNP’er Hindrik ten Hoeve yn 2003 keazen waard as Senator foar de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF). Underwilens wie Roel ek lange tiid wakker aktyf as foaroanman yn de Ried fan de Fryske Beweging. In soad kinne him noch wol as foarsitter fan de ‘Stifting Slach by Warns’.

In fin mear as in bears

De grutste bydrage fan Roel Falkena foar de FNP leit wol yn de ferbining mei Europa, sa kinne wy fêststelle. Roel wie ien fan de mei-oprjochters fan de European Free Alliance (EFA) yn 1981. De FNP hat fan begjin ôf ek bestjoersleden levere yn it Haadbestjoer fan de EFA yn Brussel. Roel wie sûnt 1981 lange tiid de FNP bestjoerder yn ‘the Bureau’. De FNP jildt dêrtroch altyd noch as ien fan de ‘founding members’ fan dizze Europeeske politike partij.

In wichtich stribjen fan de EFA en de FNP, it wurkjen mei transnasjonale kieslisten by de Europeeske ferkiezings, wie fan begjin ôf in spearpunt. Sadat je stimme kinne op in kandidaat nei kar fan in regionale partij earne yn Europa, yn stee fan neffens de nasjonale partijlinen per lidsteat. It is noch hieltyd net realisearre mar Roel en syn EFA maten hiene dêrmei de needsaaklike demokratyske fernijing fan de Europeeske Uny ‘fan ûnderen op’ al skerp op it netflues. 

De EFA hat altyd in frij progressyf regionalisme yn de EU bepleite. De FNP kaam dêrmei yn goed selskip fan besibbe partijen lykas de SNP yn Skotlân en de Plaid Cymru yn Wales. De politike rjochting fan de EFA die ek bliken út it feit dat hja altyd ien fraksje mei de Grienen yn it Europeesk Parlemint foarmje koene.

Roel hie faaks wol EFA-Parlemintslid foar de FNP yn it Europeesk Parlemint wurde kind. Lykwols it Nederlânske kiesstelsel stie soks yn’e wei om’t de FNP op dat stuit net fertsjintwurdige wie yn it nasjonale parlemint yn De Haach. Roel wist as gjin oar hoe’t hy de EFA brûke koe om de Fryske belangen op Europeesk nivo te behertigjen. De EFA skriuwt dêroer sels yn harren jubileumboek fan 2006: ‘Falkena was a definite asset at general and committee meetings from the start.’

Troch fia de EFA aktyf mei te dwaan oan de Europeeske polityk krige de FNP perfoarst op slach in fin mear as in bears, fergelike mei in sljochtweihinne regionale partij yn Nederlân. Wy stelle fêst dat de EFA foar de FNP finsters iepene hat op de wrâld dy’t in hiel soad partijgenoaten mar ek oaren ynspirearre hawwe. Al mei al hat Roel Falkena fan 1981 ôf, 25 jier lang foar de FNP de earste ferantwurdlike west foar de Europeeske kontakten, oant hy yn 2005 it stokje oerdroech oan Sybren Posthumus. Foar syn fertsjinsten yn Europa hat de EFA him úteinlik yn 2007 earelid makke.

In ferbiner en in folhâlder

Trochdat hy fan begjin ôf oan by de FNP belutsen wie en safolle meimakke hie koe hy as gjin oar de ferbiner wêze fan âldere en jongere generaasjes dwers troch de partij hinne. In soad fan de aktive politisy yn de FNP fan hjoed-de-dei hawwe har earste stappen op it politike poadium set ûnder it goedkarrend each fan Roel. 

Yn de Steateseal op it Provinsjehûs en op de fraksjekeamer. Yn debat yn it politike praatprogramma It Wapen fan Fryslân op freedtejûns by Omrop Fryslân Radio. Op de jierlikse Europeeske kongressen fan EFA en mei memorabele FNP-ekskurzjes nei it Europeesk Parlemint yn Brussel, Straatsburg of besibbe regio’s rûnom yn Europa. De measten fan ús hawwe dêr noch dierbere neitinzen oan.

Yn syn persoanlik libben hie hy in grutte tebeksetter doe’t syn twadde frou en grutte leafde Lybrich Andringa yn 2000 fierstente jong kaam te ferstjerren. Syn wurk as riedslid foar de FNP yn Opsterlân hat him der doe trochhinne holpen, sa sei hy. De lêste jierren wraksele hy mei syn sûnens. Lykwols Roel bleau tige belutsen by de partij. 

Hy wie in folhâlder, sa skreau de Ljouwerter Krante yn in grut fraachpetear yn 2011. Wy sjogge it byld foar ús fan in man dy’t nei in swiere operaasje wer yn in drokbesochte ledegearkomste ferskynde en tusken it FNP folk op syn fêste plak midden yn de boppeseal fan Duhoux yn Wurdum oerein riisde om syn fraach oan it bestjoer te stellen.

De FNP nimt ôfskied fan ien fan syn grutte foaroanmannen. Lykwols yn de geast bliuwt syn politike neilittenskip, de ferbining mei Europa, in grutte boarne fan ynspiraasje foar ús wurkjen yn de FNP mei oaren. Foar de famylje is syn ferstjerren grif in grut ferlies. Wy winskje dat de wittenskip dat it krewearjen dat troch him ynset is trochgiet, harren ta treast en bemoediging wêze mei.

Wouter Wouda, foarsitter FNP
Sijbe Knol, foarsitter FNP Steatefraksje

Afbeelding
Steeds meer boeren in Friesland stappen over op kruidenrijk grasland Agrarisch nieuws 8 uur geleden
Afbeelding
Wie was Abe Lenstra? Sport 8 uur geleden
Afbeelding
Duidelijkheid over beheer oevers langs Friese vaarwegen Natuur 20 uur geleden
Het afkoppelen van de regenpijp.
Week van de Groene Tuin helpt Friezen op weg om tuin te vergroenen Natuur 22 uur geleden
Op deze plek in Katlijk komt straks een geweldige speeltuin, hopelijk met uw hulp!
Katlijk komt samen voor speel- en ontmoetingsplek Algemeen 28 mrt, 12:00
Afbeelding
Achter de doeken van Aerial Yoga Sport 28 mrt, 08:00
Afbeelding
Campagne Doortrappen feestelijk van start Gezondheid 27 mrt, 20:00
Afbeelding
FryslânDOK: Prins Dokkum Cultuur 27 mrt, 18:00