De gasvelden van Vermilion Energy in Friesland, globaal vanaf de Waddenzee en Harlingen via Leeuwarden (onder Sneek) en Heerenveen tot in de Stellingwerven.
De gasvelden van Vermilion Energy in Friesland, globaal vanaf de Waddenzee en Harlingen via Leeuwarden (onder Sneek) en Heerenveen tot in de Stellingwerven. Foto: Website Vermilion Energy

Friese partij: de regering moet stoppen met gaswinning

Algemeen

LEEUWARDEN - De Friese politieke partij FNP wil dat de Nederlandse regering gaat stoppen met toestemming geven voor gaswinning in Friesland. De kans op bodemdaling van het platteland wordt veel te groot.

In bijgaand persbericht leggen de Friese politici uit wat ze ermee bedoelen: De FNP wol dat de nije regearing de belangen fan ynwenners boppe de kommersjele belangen fan de mynboubedriuwen stelt. No’t yn De Haach socht wurdt nei in nij kabinet dat rekkenje kin op it fertrouwen fan de ynwenners fan ús lân, wurdt it ek tiid om te sjen nei de gaswinning. 

De Ryksoerheid ferlient en ferlinget op it stuit oan de rinnende bân fergunningen, tsjin de winsk fan de lokale befolking yn. Dat mynboubelied docht it fertrouwen yn de oerheid grouwélich skea, benammen yn de noardlike provinsjes. Foar de safolste kear hat de FNP hjoed fragen steld oan it Fryske kolleezje oer de ferlinging fan in gaswinningsfergunning.

Gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen ‘onaangenaam verrast’

De FNP vervolgt: Ut it saneamde Tietjerk-fjild wol Vermilion oant 2050 noch 11,5 miljard ekstra kubike meter gas winne. It gefolch is folle mear boaiemdelgong en mear kâns op swierdere ierdbevingen yn it gebiet. De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hawwe it Ministearje fan Ekonomyske Saken ferline wike skreaun dat se ‘onaangenaam verrast’ binne troch de plannen en dat se fan betinken binne dat dy net trochgean moatte. 

It falt te ferwachtsjen dat Deputearre Steaten dêr krekt sa oer tinke. De provinsje Fryslân hat al jierren it stânpunt dat nije gaswinning net winsklik is en hat dat ek yn it Manifest fan Fryske Oerheden oer Gas- en Sâltwinning dúdlik útsprutsen. Spitich genôch hawwe de gemeenten en de provinsje mar in beheinde rol by de ferliening fan mynboufergunningen. 

Provincies mogen slechts advies geven aan het ministerie

Neffens de Mynwet wurde gemeenten en provinsjes by nije of oanpassingen fan besteande fergunningen troch it Ministearje fan Ekonomyske Saken inkeld frege om in advys te jaan. It Ministearje fan Ekonomyske Saken jout lykwols gewoanwei net thús en set troch mei it ferlienen fan fergunningen oan mynboubedriuwen. 

Allinne by de gaswinning ûnder de Waadsee by Ternaard hat de Twadde Keamer begjin maart fia in moasje frege om de plannen foar de gaswinning foarearst stil te setten, en te wachtsjen op fierder ûndersyk. Mar dat is de útsûndering dy’t de regel befêstiget. It liket derop dat soargen fan ynwenners oer skea troch boaiemdelgong en in gruttere kâns op ierdbevingen noch hieltyd gjin rol spylje by de fergunningsbesluten fan de minister. 

Het negeren van burgers schendt het vertrouwen in de overheid

Krekt as by oare belangrike ûnderwerpen as de taslaggen-affêre en de rampsillige oanpak fan de mynbouskea yn Grinslân, docht it negearjen fan de belangen fan de ynwenners by it ferlienen fan nije mynboufergunningen op ‘e nij grutte skea oan it fertrouwen yn de oerheid.

It is heech tiid dat it kabinet ophâldt mei dy oanpak. De nije kabinetsformaasje is in goede gelegenheid om de belofte fan it hjoeddeiske kabinet einliks nei te kommen om gjin nije fergunnings foar nije gaswinningen op it fêstelân te ferlienen en de besteande gaswinning gau ôf te bouwen, yn stee fan te ferlingen. Om dat stânpunt krêft by te setten sil de FNP de gearwurking sykje mei oare partijen binnen en bûten de polityk.

Afbeelding
De Hunebeddenjager: Een avontuurlijke ontdekkingsreis met Willem Donker Cultuur 1 uur geleden
Hoe ga jij Koningsdag vieren?
Activiteiten op Koningsdag in Heerenveen Algemeen 3 uur geleden
Afbeelding
Column Desirée van Dijk-Attema: Uitstellen Column 17 uur geleden
Afbeelding
Hondje Binky in de bemiddeling Stichting SOS voor huisdieren Friesland Algemeen 21 uur geleden
Afbeelding
Rosie nieuw in de bemiddeling Stichting SOS voor huisdieren Friesland Algemeen 22 uur geleden
Afbeelding
BROED, biodiversiteitsfestival - 11 mei 2024 - Alde Leie Evenement 23 uur geleden
Afbeelding
TV-serie Tot het Einde Gezondheid 23 apr, 08:00
Afbeelding
Makelaar en taxateur Yvette Westerhof denkt mee over duurzaamheid Zakelijk nieuws 22 apr, 18:00