Kolumnist Johan Vogelzang, mei syn kolumn oer Fryslân.
Kolumnist Johan Vogelzang, mei syn kolumn oer Fryslân. Foto: Fransisca Vogelzang

Hearlik op fakânsje yn eigen provinsje

Column

Wy hawwe yn dizze koroanatiid mei tank oan internet en de tillefoan krekt in hiele moaie en betelbere fakânsje boekt yn ús eigen Fryslân, op in fakânsjepark mei klimtastellen foar bern sawol oerdekt as bûten en in ferrassend betelber en romme stacaravan.

Bakfyts hiere wêr ús beide bern yn pasje is ek te dwaan, de hûn mei ek mei, der is folop swimwetter fan Iselmar en Sleattemermar, kinst der kanoë, in sloep hiere, in tuktuk ast wolst énfytse troch de bosken.

Wetter, bosk, fytspaden, alles is hjir

Fansels, hiest it miskien al troch, dan komst al gau op Gaasterlân út, dat bysûndere diel fan Fryslân dat fan alles hat op in pear fjouwerkante kilometer. Ik bin der opgroeid dus ik kin hast alle boerepaadsjes wêr’st op fytse meist, de oergonggebieten tusken bosk en lân en wetter mei fiergesichten, de terraskes wêr’st even stopje kinst om te rêste en te genietsje mei wat nofliks derby.

En sa binne der yn Fryslân noch wol mear moaie plakjes te fine. By de standerd fakânsjeparken bist yn de grutte fakânsjes djoer út, mar ast efkes trochsikest en net op de bekende grutte namen, dan is der genôch moais te fine yn eigen omjouwing.

Net nei it bûtenlân reizgje fanwege koroana? Prima!

Troch koroana-eangst bliuwe de measte minsken tichtby hûs en gelokkich wenje wy yn Fryslân want hjir is genôch moais. Kinst ek gewoan fanút eigen hûs eltse fakânsjedei in sloep as in kano hiere op in hiel soad plakken yn Fryslân sadast eltse dei in oar wettergebiet besjen kinst mei bypasjende ‘wetterterraskes’ as natuerbelibbing ast dêr mear fan hâldst. Kinst fansels ek toere mei in e-chopper mei de sinne op’e holle oer it plattelân. Google marris, der binne al ferskate oanbieders fan.

Eltse dei in nij aventoer ast wolst

Dan hast ek eltse dei in nij aventoer, sûnder dast yn in djoer fakânsjepark sist. Kinst ek in mountainbike hiere yn it Drents-Friese Wold as yn Gaasterlân, elektrische bakfyts as in tandem ast mei it gesin op paad giest: der binne gelokkich genôch mooglikheden yn ús moaie provinsje.

Ik wit net as it dizze simmer alwer mei, mar mei in sloep en in gids as ferteller derby troch de Ljouwerter stêdsgreften is ek oan te rieden. De stêd fan de Nassau’s hat in soad ferrassende moaie plakjes. De alve stêden binne fansels ek prachtich, fan de stêdswallen fan Dokkum, it smûke ieuwenâlde Sleat, de grutte terrassen yn yt sintrum fan wettersportplak Snits – ferjit Grou, Heech, Earnewâld, Lemmer, Koudum, Starum, Boalsert en Harns ek net fansels – en eltsenien kin him/har fermeitsje yn ús provinsje.

Seks, drugs en rock and roll?

Boppedat kinst it eilân Skylge simmers yn it heechseizoen besjen as ús Fryske ‘Ibiza’ as ‘Salou’ foar seks, drugs en rock and roll. Kinst op de Waadeilannen ek genietsje fan it UNESCO wrâldferneamde ‘Werelderfgoed’ as natueleafhawwer. Kinst it dus sa gek net btinke as wy hawwe hjir dus gewoan yn ús provinsje alles wast mar wolst. Fryslân is noch altyd ien fan de moaiste plakjes op de ierde!

Wolst de Hollânstalige fersje fan dizze kolumn lêze? Sjoch dan op dizze link: https://www.rondomvandaag.nl/regio/leeuwarden/column/24669/fantastisch-op-vakantie-in-eigen-provincie

Noflike dei en
noflike fakânsje tawinske,

Johan

Tenzij er nog kou komt mogen we veel wespen verwachten dit jaar.
Vooruitzicht wespenoverlast voorlopig niet gunstig Natuur 4 uur geleden
Afbeelding
Nij Smellinge en ZuidOostZorg experimenteren met muziek op IC Zorg & Welzijn 7 uur geleden
De Nederlandse vlag, die op 4 mei in het hele land halfstok hangt.
4 mei dodenherdenking in Drachten Verhalen uit de buurt 10 uur geleden
Afbeelding
Nynke Duijff winnaar Grut Frysk Diktee Verhalen uit de buurt 12 uur geleden
Afbeelding
Sloepvaren bij de Alde Feanen Recreatie & Ontspanning 14 uur geleden
Afbeelding
Column Rijkele Dijkstra: Ons veilige gevoel Column 24 apr, 18:00
Beeld ter illustratie
Meer natuur in polder Siderius bij Earnewâld Natuur 24 apr, 15:00
Afbeelding
Column Melissa: Uit de kast komen is niet alleen bevrijdend voor jezelf, maar ook voor anderen Column 24 apr, 12:00