Bioferskaat, natuer foar minsk en bist. Ja graach!
Bioferskaat, natuer foar minsk en bist. Ja graach! Foto: Fransisca Vogelzang

Kolumn: Fryslân, do libbest yn myn hert

Column

As de lockdown net safolle ekonomyske skea feroarsake, dan wie ik der eins hiel wiis mei west. Want troch in soad thús te wezen en yn eigen doarp, wyk as stêd, sjochst pas hoe moai as it der eins is. Learst tefreden te wêzen mei wat der is. En wat moai wêze soe om werom te kommen, foar de takomst.

De rêst, de romte, de sinne, de wolken… Foar myn wurk en hiel lang lyn as staazjerinner haw ik wurke yn plakken as Amsterdam en flakby Arnhim, litte wy sizze ‘knooppunt Velp’. Dêr hiest dan ek flak bûten dizze steden stikjes natuer en in oantal parken dêrst genietsje koest fan gêrs en beammen en sinneskyn.

Mar dat helle it lang net by it moaie fan de Fryske rêst en romte. ‘Fryslân, do libbest yn myn hert’, Google der marris op. In liet mei ûnder oaren Rients Gratama, Syb van der Ploeg, Piter Wilkens, Maaike Schuurmans, oer it moaie fan ús provinsje. It fjoer dat yn harren baarnt, baarnt ek by my.

Bioferskaat, bijenflinterlinten, ik kin der net genôch fan krije

Ik wurd dêrtroch noch mear fereale op inisjativen as ‘natuurinclusieve’ lânbou, biofeskaat, bijeflinterlinten en sokssawathinne, want ik wol hjir graach yn in gebiet libje wêr myn bern en harren bern letter ek sûn yn libje kinne.

De boeren soargje mei harren lânbou foar dat wy in in goed stik fleis op it itensboard en molke yn de glêzen hawwe en dêr bin ik tige wiis mei, want dat makket ús ta ien fan de langste en meast sûne folken/minsken op dizze ierde.

Wy moatte ôf fan dy sûkerskjinne griene flaktes gêrslân

En dochs, dochs…. Dat de stân fan de greidefûgels ôfnimt fyn ik spitich, dat de lânboufjilden der strak en grien as biljertlekkens bylizze wêr hast gjin libben fan oare bisten as kei op mooglik is… It giet my oan it hert.

Wat soe it moai wêze as der wer beltsjeblommen yn it lân werom komme meie. Dat in ko wer op it lân libje mei en net yn in stâl. Alhoewol ik wit dat mei kowematrassen en oare saken de kei tsjinwurdich in machtich moai libben hawwe, dat is ek wol wer sa.

De ko wer yn in natuerliker lânskip werom én in pestisiden-lockdown

It soe noch moaier wêze as de echte natuer werom keare mei. De eikenprocessierups bygelyks wurdt ek al biologysk keard mei ûnder oaren……. Fûgels. Nêstkastkes wurde oaral yn de provinsje – bygelyks yn de Stellingwerven – al ophongen. Wy moatte de natuerlike kringloop/sirkel fan de bistjes en bisten ek wer safolle mooglik werom keare litte sadat wy net mear pesticiden nedich hawwe om de produkten op it lân skjin te hâlden.

Dat der mear blommen en planten komme meie yn foartunen en eftertunen, by de gewoane minsken thús, ek dat helpt it bioferskaat enoarm. Ik hoopje sa dat it slagget, fan herte mei myn hert dat baarnt foar Fryslân, foar ús moaie stikje grûn.

In moaie rike Fryske natuer, wêr libben en wurkjen tegearre oparbeidet, dat soe geweldich wêze. Sjoch ek op de websiden https://www.ivn.nl/provincies/friesland en https://www.fmf.frl, makke troch minsken dy’t der mear foar leard hawwe as ik.

Groetnis,
Johan Vogelzang

Afbeelding
Column Melissa: Uit de kast komen is niet alleen bevrijdend voor jezelf, maar ook voor anderen Column 31 minuten geleden
Afbeelding
Wat is er te doen tijdens Koningsdag in Drachten? Evenement 4 uur geleden
Afbeelding
Column Desirée van Dijk-Attema: Uitstellen Column 18 uur geleden
Afbeelding
Hondje Binky in de bemiddeling Stichting SOS voor huisdieren Friesland Algemeen 22 uur geleden
Afbeelding
Rosie nieuw in de bemiddeling Stichting SOS voor huisdieren Friesland Algemeen 23 uur geleden
Afbeelding
Rein Albert Ferwerda op piano en orgel in de Doopsgezinde Kerk in Drachten Evenement 23 apr, 10:00
Afbeelding
TV-serie Tot het Einde Gezondheid 23 apr, 08:00
Afbeelding
Makelaar en taxateur Yvette Westerhof denkt mee over duurzaamheid Zakelijk nieuws 22 apr, 18:00