Johan Vogelzang
Johan Vogelzang Foto: Fransisca Vogelzang

Kolumn: Applaus foar de heiten en memmen

Column

De lockdown giet troch oant en mei tsien febrewaris. Wy moatte noch even trochbite om dat koroanafirus te ferslaan. Wy kinne dat, wy Friezen, wy binne taai en jouwe net op. Boppedat hawwe wy hjir gelokkich romte genôch om oardel meter ôfstân te hâlden. Yn de doarpen foaral, yn de stêden wat minder.

Ik kin it meastal prima fine sûnder al tefolle minsken om my hinne. Mar sels ik begjin myn eigen ritme en myn eigen dinkjes sa stadichoan te missen. Even mei de bern na Monkey Town, Ballorig, datsoarte fan berneboartersplakken wêr âlders ek meidwaan meie en ek oan de kant sitte kinne mei in bakje kofje derby.

Ik mis myn favorite hobby

Wat ik persoanlik foaral mis is myn eigen tafeltennishobby by myn klupke MTV’14 yn Easterwierrum. Sa’n baltsje dy effekten meijaan dy’tst sels moai fynst en dêrmei de tsjinstanner yn de luren lizze. Machtich fyn ik it. Ik mis it.

Ter kompensaasje mar ek omt wy it gewoan moai fine drave en fytse de bern en ik regelmjittich rûntsjes yn en om ús doarp. Sy fytse, ik draaf mei de jongste en fyts mei de âldste. Nei it skoalplein, nei de supermerk, nei pake en beppe oan de oare kant fan it doarp. Snoepkes skore fansels. Dan dernei thús ússels fermeitsje mei Netflix, mei skoalleopdrachten (dêr is harren mem gelokkich goed yn), mei elkoar pleagje en dwers sitte en ik moat tuskentroch ek noch wolris wurkje. Dat doch ik wyls boppe, want ûnder yn de wen- en wurkkeamer is it my op it stuit al te drok wurden.

Mei pyn en muoite alles in bytsje byhâlde

Myn frou wurket tuskentroch dan ek noch fan hûs út en sy is better yn kombineare, multitaske. Mar sy begjint no ek oan de ein fan har Latyn te kommen. Wy binne der sa stadichoan klear mei. De bern de hiele dei thús en dan ek noch sels wurkje? Wêrom moat de âldste safolle leare yn groep fjouwer en kostet it ús safolle tiid him te begelieden? Mei pyn en muoite kinne wy it hûs noch in bytsje skjin hâlde, de wask en de faat byhâlde.

Wask opteare kin noch krekt, mar yn de kast dwaan hawwe wy al gjin tiid mear foar. Wy libje út de tassen. Skjinne klean nedich? Sjoch mar even yn de tassen op de grutte sliepkeamer. Gelokkich sit de jongste yn groep ien, dêr giet it foaral om boartsje.

Boartsjend libje, dêr hâld ik fan

Dat passet my wol goed want dêr hâld ik ek fan. Boartsjend libje, dat is it moaiste wat der is, dat kostet ús gjin ekstra tiid. As wy him ek noch op syn laptop begeliede moatte hiene, dan hie of myn frou of ik mei it betelle wurk stopje moatten.

Ik soe hast sizze dat nei it applaus foar de minsken yn de soarch, it no hast tiid is foar applaus foar de heiten en memmen thús, dy’t thús wurkjen en thús de bern lesjaan kombineare. Dy heiten en memmen draaie ek al moannen lang dûbele tsjinsten. Oerdei de bern oandacht en les jaan en tuskentroch harren eigen wurk dwaan, bern op bêd bringe en jûns wer wurkje. Sa moat it mar even. Tsien febrewaris: ik sjoch der nei út.

(Dizze kolumn stie fan sneon 23 jannewaris ôf yn de papieren kranten fan Rondom Vandaag yn Fryslân)

Afbeelding
Treinen en bussen ook in Fryslân 3 minuten stil Algemeen 3 uur geleden
Afbeelding
Onderzoek: Hier worden in Friesland de meeste fietsen gestolen Algemeen 3 uur geleden
Ritske en zijn dochter Binnie in de showtuin van Poelman Bestratingen.
Poelman Bestratingen viert 25-jarig jubileum Algemeen 9 uur geleden
Afbeelding
Onderzoek: dit is het meest gebruikte supplement in Friesland Gezondheid 13 uur geleden
Afbeelding
Nieuwe subsidie voor innovatieprojecten in de landbouw in Noord-Nederland Agrarisch nieuws 18 apr, 18:00
Afbeelding
Ouderavond 'Lekker slapen kleintje (0-4 jaar)' Zorg & Welzijn 18 apr, 15:00
Tijdens LEFF wordt er samen gekookt.
'LEFF gaat niet over afvallen, maar over kennis delen' Gezondheid 18 apr, 12:00
Afbeelding
Start kaartverkoop Grondproeven: culinair muziektheater over een boerenbedrijf in transitie Cultuur 18 apr, 10:00