Afbeelding

Skriuwersfakskoalle foar Fryske auteurs

Educatie

Skriuwe yn it Frysk: de ien publisearret al jierren, de oar siket noch om de goeie wurden. Beiden binne wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op 3 novimber sette de lessen útein yn Ljouwert.

De begjinner komt yn it blok Skriuwtechniken yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, leart om te eksperimentearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. 

De al publisearjende skriuwer krijt yn it blok Redigearjen mear sicht op it herskriuwen, op de kânsen dy’t de tekst noch jout, op it riker meitsjen fan de wurdskat.
Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de taal, oer de tekst, learst inoar op goeie wize kommintaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle.

It blok Skriuwtechnyk foar begjinners, 12 lessen, wurdt jûn troch skriuwdosint Welmoed Wijma. It twadde blok, Redigearjen, ek 12 lessen, is foar betûfte studinten en wurdt jûn troch skriuwer-redakteur Baukje Zijlstra. By it blok Skriuwtechniken is elkenien wolkom, foar it blok Redigearjen wurdtst talitten op basis fan ynstjoerd wurk. Mear ynformaasje en oanmeldmooglikheid is te finen op www.skriuwersfakskoalle.frl.