Afbeelding
De Nederlandse versie van deze column vind je op onze website www.rondomvandaag.nl

In lokkige Fries, jawis dêr is wer ien!

In lokkige Fries is in goeie Fries. Dat is ien fan de sprekwurden dy't ik graach tafoege wol oan de Fryske taal. Want bliid wêze, lokkich wêze is it moaiste dat der is en dêr mei best wat mear oandacht oan skonken wurde.

Sjoernalistike kolumns wurde faak skreaun om saken oan de kaak te stellen, swierichheden oan it ljocht te bringen, mar eins fyn ik dat hielendal net sa wichtich. It ferkondigjen fan lokkich wêze foldocht my folle mear.

Dêrom sprekt it programma ‘Lok op 1’ fan de provinsje Fryslân my ek in protte oan. Lok op it earste plak, dêr giet it om. Sinne en wille kinne in protte tille, is net foar neat in ferneamde Fryske siswize wêr ik tige bliid en wiis mei bin.

Op in dei geane der altyd dingkjes as dingen ferkeard, mar der binne ek altyd saken/eleminten dy’t goed gien. Mei de fokus op it goede kinst wat opbouwe, kinst dyn libben opbouwe. Mei de fokus op it ferkearde brekst allinich mar ôf. Boppedat: wurdst der lokkich fan?

Ik wurd der net lokkich fan en ik fyn it moai om te sjen dat der hieltyd mear minsken binne dy doarre út te sprekken dat sy lok wichtich fine. Lok is de basis fan ús bestean. Sûnens stiet wat my oanbelanget sels op it twadde plak. Sûnens is fansels ek wichtich, ik prebearje ek sûn te wêzen en te bliuwen troch te bewegen en it grutste diel fan de wike sûn te iten en te drinken.

Ik haw mysels al foarnommen dat mocht ik ea yn in rolstoel belâne, dat ik dat mei de rolstoel beweegjen gean, derop út, earmen beweegje, longynhâld op peil hâlde en it bloed streamende hâlde troch hert en bloedfetten. Dat hâldt de ‘sintrale ferwarming’ fan it lichem en fan myn geast ek op peil.

Ôfnimmende sûnens mei nea in reden wêze om net mear fan it libben te genietsje. Der is noch safolle moais, te sjen, te belibjen en mei te meitsjen. Fan dysels en ek fan oare minsken.

It libben giet altyd troch, joust it altyd troch oan oaren. Is it net fysyk dan wol spiritueel, as beide, en wat is der dan moaier om in moai libben en moaie tinzen troch te jaan? Dêr wurdt de wrâld seker in bytsje soad better fan.