Afbeelding
De Nederlandse versie van deze column kun je vinden op onze website www.rondomvandaag.nl

Gurbe Douwstra en it sukses fan Cliffs of Moher

Al yn syn tiid as radiopresintator foar Omrop Fryslân makke hy syn grutste hit oant no ta: Cliffs of Moher. Oer in jong stel, beide wurde troch de see grepen en mar ien fan harren komt libbend werom. Gurbe Douwstra, no 67 jier en mei pensjoen, sjongt it noch altyd, it liet is tusken 2008 en 2020 tsien kear nûmer ien west yn de Fryske Top 100 en it soe samar kinne dat it dit jier ek wer earste wurdt. It is tiidleas en oangripend.

‘As ik wist hoe’t ik in hit skriuwe moat, dan hie ik der wol mear hân’, seit Gurbe. Hy skriuwt sûnt hy yn 2003 zzp’er yn de muzyk wurden is – mei in dieltiidbaan by de Omrop - wol mear moaie lieten. Boppedat, ek al is Fryslân net in grutte provinsje, der is dochs genôch konkurrinsje. Neam De Kast, neam Piter Wilkens, neam Twarres… Neam Dy Twa… De twa dy’t Gurbe syn liet twa kear oan de kant setten hawwe, binne Oele Plop mei ‘Ik wie smoar’ en de Wiko’s mei It Bûthúsbankje.

De Kast en Twarres, grutte nammen bûten de provinsje, skoare hjir dus net as allerheechste. Wylst sy prachtige muzyk meitsje en in soad publyk lûke en platen ferkeapje. ‘It publyk bepaalt’, seit Gurbe. De muzikant en de muzykresensinten fan kranten, radio en tillevyzje hawwe neat yn te bringen.

Yn dizze krante fynst in paginagrut ynterview mei Gurbe, wêryn hy fertelt net sûnder optredens te kinnen en bliid is dat it aanst wer los giet na de twa lange koroana-lockdowns. It mei wer en it docht him goed, lykas dat foar it – foar syn - publyk ek jildt.

Salang as hy it fysyk oprêde kin, giet hy troch. Hy kin net sûnder, sûndermis. It libben kin wer libbe wurde, publyk kin wer publyk wêze en we kinne aanst wer ticht by elkoar wêze as it goed is. Ik bin der ek oan ta, oan it normale libben fan foarhinne. It âlde normaal.

Ik jou Gurbe in ‘boks’ oan it begjin fan it ynterview en oan it ein in hân. In man dy’t sa goed oer gefoel skriuwe kin, kin ik net op oardel meter ôfstân nei swaaie. Miskien is dat wol it sukses fan Gurbe: hy is gewoan ien dy’t it gewoane nei in heger en djipper gefoelsnivo bringt. En dat bringt minsken tichteby.