Afbeelding
De Nederlandstalige versie van deze column kun je vinden op onze website www.rondomvandaag.nl

Bûter, brea en Piter Wilkens

Bûter, brea en griene tsiis, wa dat net sizze kin is in healwiis. Frysk is moai, Frysk is ryk, Frysk moat bliuwe. De kombinaasje fan de rike Fryske taal en hjoeddeistige techniken docht it goed by Fryske sjonger Piter Wilkens, doe hy op sneon 1 maaie in live streamingkonsert yn De Harmonie yn Ljouwert joech, mei begelieding fan kollega-musici.

Moaie resinsjes hat hy op syn Instagram-account en Facebook krigen. “Gelokkich wiene der ek noch minsken dy’t my de oare deis belle hawwe”, seit hy. Piter hâldt fan it âlde, mar giet wol mei de tiid mei. Yn syn eigen tempo. De poadia fan it publyk feroarje, dus hy feroaret diels mei.

De Fryske taal sil hy nea loslitte, dy bliuwt, dy is sa ryk en dêr kinst safolle emoasjes yn útdrukke, dat is machtich. Piter docht dat mei lytse gefoelige ferskes oant up-tempo rock, folop lûd mei in blazersseksje oant grappige lieten mei humor.

Boppedat ûndernimt hy en dat fyn ik moai. Hy stekt eltse kear syn nekke út, set syn eigen jild yn om nije albums te meitsjen en moat mar ôfwachtsje as it fer-kocht wurdt as net. Hy hat gjin baas as in sjef dy’t him efter de broek sit, hy moat himsels oanfiterje. Dat kin allinnich as it jo passy is én as de omjouwing it begrypt.

Maklik is it net, mar it is wol it moaiste dat der is. In frij en ôfwikseljend libben. Net eltsenien kin dy frijheid oan, want bist op dysels oantreaun en moast it sels mar dwaan en eltse kear op gong bringe. Twifel en spanning heart der fansels altyd by. En wat is it moai as it wurk dan wurdeare wurdt.

Syn ferhaal stiet yn dizze edysje fan de Rondom-krante, ik haw noflik in pear oeren by him sitten en syn sels makke kofje mei kaniel preaun. Syn kofje smak-ket krêftich en tagelyk sêft en tear, hiel apart eins.

Eins krekt as syn muzyk, dat hat ek alle aspekten. Krekt as is de taal en toan fan in liuw dy’t kalm en krêftich tagelyk is, dy’t sawol leaf en lilk op itselde stuit wêze kin. Lykas in timmermantsjûnder dy’t skaafjende wei it hout en de wurden slipet oant de wurden sizze wat sy sizze moatte. Dat is moai, dat hat ynhâld.