Afbeelding
Foto:

Mearkes út 'e Wâlden sammele troch Dam Jaarsma

Dam Jaarsma fan Eastermar (1914-1991) wie in hertstochtlik samler fan folksferhalen. Hy skreau yn fjirtich jier mear as sechtjintûzen ferhalen op dy't minsken út de fiere omkriten fan Eastermar oan him trochdiene. Dit boek biedt in brede en representative seleksje fan de mearkes dy't er sammele: diereteltsjes, wûndermearkes, leginde- en novellemearkes, dommeduvelteltsjes en grappige teltsjes. Mearkes út 'e Wâlden ferskynt yn it ramt fan '100 jier Dam Jaarsma'. It is bedoeld foar alle Frysklêzers, âld en jong. It is gjin wittenskiplik boek (al wurdt de tekst oan de ein wol ferantwurde foar de spesjalisten) mar in prachtich lês- en foarlêsboek en tagelyk ek in postume hommaazje oan Dam Jaarsma. It kin ek sjoen wurde as it Fryske ekwivalint fan de Mearkes fan Grimm, dat yn 2012 by Bornmeer ferskynde. De yllustraasjes waarden spesjaal foar dit boek makke troch Peter Boersma & Hilda Groenesteyn.

Prijs 22,50 euro